Background image

terug

Stimulânsen om Frysk yn ’e rjochtseal te brûken strienedich

Stimulânsen om Frysk yn ’e rjochtseal te brûken strienedich

1     Wetlike behinderingen om it Frysk mûnling en skriftlik yn it rjochtsferkear te brûken
 binne sa goed as allegearre út ’e wei romme. Rjochters hawwe op Fryske kursus west.
 Meiwurkers fan de rjochtbank hawwe har talein op it Frysk. Wannear’t in griffier it Frysk
 net behearsket, dan bestiet de mooglikheid om de sitting op te nimmen, sadat in kollega dy’t
5 betûft is yn it Frysk it bantsje letter beharkje kin. It Iepenbier Ministearje is mei in
 Frysktalich boekje oer syn taken en wurksumheden kommen. Datselde Iepenbier
 Ministearje hat krektlyn noch in lyts boekje útjûn wêryn’t de wichtichste juridyske begripen
 yn it Frysk oerset binne. En der wurdt in juridysk wurdboek Nederlânsk-Frysk presintearre.
 Allegearre positive ûntwikkelingen, mar … it Frysk wurdt sawat net brûkt yn it
10 rjochtsferkear. As rjochtbankferslachjouwer kin ik sels konstatearje dat fertochten yn
 strafsaken suver nea Frysk prate. Ut gegevens fan parserjochter Pieter Wijtsma docht
 bliken, dat it Frysk yn strafsaken skriftlik noait brûkt wurdt. By famyljesaken komt it Frysk
 skriftlik en mûnling mar sporadysk foar. Yn de hannelssektor prate en skriuwe advokaten
 nea Frysk. Op de sitting praat soms wolris ien fan de partijen Frysk, neffens Wijtsma. Yn de
15 bestjoerssektor, dêr’t er sels yn wurket, bart it in inkelde kear dat in skriftlik stik yn it Frysk
 steld is. Dat is dan meastal dien troch de easker. Mûnling wurdt de Fryske taal mar
 komselden brûkt.
2     In belied om mûnling en skriftlik brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear werklik te
 befoarderjen ûntbrekt. It leit net echt foar de hân dat justysje – dêr’t ik de rjochtbank,
20 kantongerjochten en Iepenbier Ministearje ûnder ferstean – it fuortsterkjen fan it Frysk as
 har taak sjocht. Dy wurdt der hieltyd mear op ôfrekkene dat saken fluch en kwalitatyf goed
 ôfhannele wurde. Produksje en effisjinsje binne tsjintwurdich ek yn it ‘justysjebedriuw’
 kaaiwurden. Ofgeande op de deistige praktyk fiert justysje, krekt as de grutte Fryske
 deiblêden, in taalfolgjend belied. Dat betsjut dat it inisjatyf ta it brûken fan it Frysk,
25 mûnling sawol as skriftlik, útgean moat fan de fertochte en de rjochtsiker. Taalfolgjend
 belied komt del op it bestindigjen fan de besteande taalsitewaasje mei in sterke taal (it
 Nederlânsk) en in swakke taal (it Frysk). De sterke taal wurdt sels noch fierder fersterke,
 omdat de swakke taal net in triuwke yn de rêch krijt en dêrtroch noch mear ferswakket. It
 Nederlânsk oerhearsket it Frysk op in sawat absolute wize. Fan âlds is it Nederlânsk de taal
30 fan it rjocht, de taal fan de justysjewrâld. De juridyske faktaal en it Nederlânsk binne
 ûnskiedber mei elkoar ferweve. Dat jildt likegoed foar de rjochters en ofsieren fan justysje
 dy’t fan hûs út Frysktalich binne. Boppedat is har oantal mar tige lyts. Fertochten sille har
 yn har taalgebrûk rjochtsje op dyjingen dy’t har lot yn hannen hawwe. Foar rjochtsikers yn
 bygelyks sivile en bestjoersrjochtprosedueres is it net folle oars. En as der dan dochs
35 minsken binne dy’t yn rjochtsaken yn it Frysk begjinne, dan sil it meganisme om op it
 Nederlânsk oer te gean, noch folle earder en sterker wurkje as oars it gefal is.
3     Der is mar ien konklúzje mooglik: it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear moat
 stimulearre wurde. Oars sil it deagewoan net brûkt wurde. Dêrfoar is de taalmacht fan it
 Frysk op justisjeel gebiet fierstente swak. Stimulânsen om it Frysk ek werklik yn de
40 rjochtseal te brûken binne strienedich. Yn in struiblêd, dat yn de gerjochtsgebouwen yn
 Fryslân op in gaadlik plakje leit, kinne minsken wiisd wurde op har rjocht om har yn
 rjochtsaken fan it Frysk te betsjinjen. Dat boadskip kin ek ferkundige wurde op stickers yn
 de gerjochtsgebouwen en sels yn de rjochtsealen. Op dagingen yn strafsaken soe fermeld
 wurde kinne dat de fertochte op de sitting Frysk prate mei. It is boppedat mooglik dat
45 rjochters oan it begjin fan in saak fertochten, tsjûgen en saakkundigen meidiele dat se Frysk
 prate meie. As de rjochters it Frysk net sels behearskje, soene se der oan taheakje moatte
 dat se it wol prima fersteane. It wichtichste soe uteraard wêze dat rjochters en ofsieren fan
 justysje sels Frysk prate soene. De hjoeddeiske praktyk en it ferline wize út, dat fertochten
 en rjochtsikers it eigentlik allinne yn dat gefal oandoare om Frysk te praten. Mar it tal
50 Frysktaligen is, lykas sein, tige beheind. Der binne wol Nederlânsktalige rjochters dy’t
 ynformeel tsjin my Frysk prate, mar it is dan in enoarme stap dat ek yn de rjochtseal te
 dwaan. Har skrutelens dat taalflaters har rjochterlik gesach oantaaste is begryplik.
4     Op it each kinne sommige fan de hjirboppe oantsjutten maatregels sa nommen wurde. It
 bart lykwols net. De trein stiet noch hieltyd stil. De grutte fraach is: wa kriget it gefaarte yn
55 beweging? It liket der net op dat justysje dat út himsels docht. Moat de polityk - provinsjaal
 en/of lanlik - útkomst jaan? Moat der in soarte fan oerienkomst tusken oerheid en justysje
 sluten wurde? Of moat der earst in alles omfiemjend belied komme dêr’t yn oanjûn wurdt
 wat men mei it Frysk yn de hjoeddeistige moderne Fryske maatskippij wol? Is hjir ek in
 taak weilein foar de Fryske beweging om har krêftich te oppenearjen?
560     Der mei net te lang mei omfimele en omtiisd wurde. De tiid driuwt. As stimulânsen
 útbliuwe om it Frysk werklik yn it rjochtsferkear te brûken, is de tiid dy’t bestege is om de
 wet op dit mêd te ferromjen, fergriemd, hawwe de folge kursussen om ’e nocht west, binne
 de boekjes fan it Iepenbier Ministearje fuortsmiten jild en sil it nije juridyske wurdboek net
 brûkt yn de boekekast ferdwine.

Leeuwarder Courant, 8 desimber 2001, Auke Piersma