Background image

terug

Simmerske lûden oer Fryske sporten

Simmerske lûden oer Fryske sporten

1     By in Simmerjûndebat fan de redaksjes fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân gie
 it okkerdeis oer de stelling: ‘Friese sporten zijn geen echte sporten!’ No moat in stelling
 fansels ta diskusje útnoegje, mar dat is yn dit gefal lestich, omdat de redaksjes twa alhiel
 ferskillende grutheden foarinoar oer sette.
25     De redaksjes kreëarje in tsjinstelling tusken ‘Fryske sporten’ en ‘echte sporten’. By de
 earsten spylje ‘folklore en regionale sentimenten’ in grutte rol, by de twadden giet it om
 (werklik) ‘spannende competitiesporten’, foar it keatsperk en de fierljepskâns is ‘het
 plaatselijke trapveldje’ it perspektyf, de echte sporten spylje har ôf yn de ‘Olympische
 arena’, sa is de taljochting op de stelling.
310     Lit ús neist de neamde trije Fryske sporten – Frysk damjen, fierljeppen en keatsen (wêr
 binne oars de Alvestêdetocht en it skûtsjesilen?) – ris trije ‘echte’ sporten sette: boksen,
 fuotbaljen en (it út it keatsen ûntstiene) tennisjen. Hoewol’t de trije Fryske sporten yn mear
 as ien opsicht net samar oer ien kaam skeard wurde kinne – sa is it regionale karakter fan
 damjen (tinksport) en fierljeppen (lichemssport) folle sterker as fan keatsen (ek
15 lichemssport), dat yn sa’n 50 lannen troch mei-inoar inkelde miljoenen spilers beöefene
 wurdt, mar by it ûntbrekken fan mienskiplike, oer de hiele wrâld jildende spulregels dochs
 net in ‘echte’ ynternasjonale sport is – likegoed behannelje wy se hjirre foar it gemak mar
 as in ienheid.
4     Der is tusken beide trijetallen in oantal essinsjele ferskillen, dy’t alderearst te krijen
20 hawwe mei de graad fan profesjonalisearring: lege – hege treningsyntinsiviteit, regionaal –
 ynternasjonaal karakter en lege – hege fergoeding. Dy ferskillen binne net samar ta stân
 kommen. Wy soene stelle kinne dat elke sport op grûn fan spultechnyske eigenskippen, mar
 ek op basis fan sosjale, ekonomyske en kulturele faktoaren it plak krigen hat dat er
 ‘fertsjinnet’. Dat plak leit oars net fêst: sa is it fuotbaljen yn inkelde tsientallen jierren
25 útgroeid fan elite- ta folkssport by útstek.
5     De ‘echte’ sporten binne yn ferskate opsichten oantreklik, lit dêr foaral gjin misferstân
 oer bestean. Dat jildt bygelyks foar it nivo fan beöefening (dat ek binnen de profsporten
 noch hieltiten tanimt), mei as plezierich gefolch dat de taskôgers fan faak attraktyf spul
 genietsje kinne, it jildt foar de beöefeners (foar de bêsten bestiet de beleanning út bergen
30 jild en ynternasjonale rom) en it jildt foar de sponsors (dy’t der – as se ek mar in bytsje by
 de tiid binne – materieel én ymmaterieel better fan wurde).
6     By de Fryske sporten leit dat fansels yn in grut tal opsichten oars, mar binne se dêrom
 minder? Ik soe in fuotbalwedstriid op nivo, lit ús sizze Real Madrid tsjin Bayer Leverkusen,
 net graach misse wolle, mar dat is net minder wier foar in knappe finale tusken Pieter van
35 Tuinen-André Kuipers-Chris Wassenaar tsjin bygelyks Simon Minnesma-Kor Zittema-
 Teake Triemstra. Better is der ommers op it ‘plaatselijk trapveldje’ net. Om noch eefkes by
 it my dierbere keatsen te bliuwen: Wat jout it ek in freugde om it spultsje sels te spyljen, de
 altiten wer nije sensaasje dat troch in perfekte gearwurking fan hert, hân en holle de bal
 komt dêr’t men him hawwe wol.
740     Mar it giet om folle mear. De reis oer bochtsjende binnendykjes nei Makkum of tusken
 de bloeiende ierappelfjilden troch nei Berltsum, de simmer om jin hinne en de sinne op ’e
 hûd, de lûden fan merke en muzyk, it praat mei him en mei har, it meifielen mei de
 ferliezer, de hân foar de winner, de neisit mei de maten, it ferslach de oare deis yn de krante
 en op ’e tillevyzje. En wa’t dan noch net sêd is, kin terjochte yn boek en museum. Keatsen
45 en fierljeppen en damjen moatte dus krekt net it paad fan de grutte sporten op wolle (as dat
 al kinne soe), se moatte gebrûk meitsje fan har sterke punten en dy lizze yn it Fryske libben
 en yn de Fryske kultuer. Sa is der yn Fryslân alle romte foar de ‘echte sporten’ én foar de
 ‘Fryske sporten’.

Leeuwarder Courant, 31 maaie 2002, Pieter Breuker (keatshistoarikus)