1 | | | By in Simmerjûndebat fan de redaksjes fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân gie |
| | | it okkerdeis oer de stelling: ‘Friese sporten zijn geen echte sporten!’ No moat in stelling |
| | | fansels ta diskusje útnoegje, mar dat is yn dit gefal lestich, omdat de redaksjes twa alhiel |
| | | ferskillende grutheden foarinoar oer sette. |
2 | 5 | | De redaksjes kreëarje in tsjinstelling tusken ‘Fryske sporten’ en ‘echte sporten’. By de |
| | | earsten spylje ‘folklore en regionale sentimenten’ in grutte rol, by de twadden giet it om |
| | | (werklik) ‘spannende competitiesporten’, foar it keatsperk en de fierljepskâns is ‘het |
| | | plaatselijke trapveldje’ it perspektyf, de echte sporten spylje har ôf yn de ‘Olympische |
| | | arena’, sa is de taljochting op de stelling. |
3 | 10 | | Lit ús neist de neamde trije Fryske sporten – Frysk damjen, fierljeppen en keatsen (wêr |
| | | binne oars de Alvestêdetocht en it skûtsjesilen?) – ris trije ‘echte’ sporten sette: boksen, |
| | | fuotbaljen en (it út it keatsen ûntstiene) tennisjen. Hoewol’t de trije Fryske sporten yn mear |
| | | as ien opsicht net samar oer ien kaam skeard wurde kinne – sa is it regionale karakter fan |
| | | damjen (tinksport) en fierljeppen (lichemssport) folle sterker as fan keatsen (ek |
| 15 | | lichemssport), dat yn sa’n 50 lannen troch mei-inoar inkelde miljoenen spilers beöefene |
| | | wurdt, mar by it ûntbrekken fan mienskiplike, oer de hiele wrâld jildende spulregels dochs |
| | | net in ‘echte’ ynternasjonale sport is – likegoed behannelje wy se hjirre foar it gemak mar |
| | | as in ienheid. |
4 | | | Der is tusken beide trijetallen in oantal essinsjele ferskillen, dy’t alderearst te krijen |
| 20 | | hawwe mei de graad fan profesjonalisearring: lege – hege treningsyntinsiviteit, regionaal – |
| | | ynternasjonaal karakter en lege – hege fergoeding. Dy ferskillen binne net samar ta stân |
| | | kommen. Wy soene stelle kinne dat elke sport op grûn fan spultechnyske eigenskippen, mar |
| | | ek op basis fan sosjale, ekonomyske en kulturele faktoaren it plak krigen hat dat er |
| | | ‘fertsjinnet’. Dat plak leit oars net fêst: sa is it fuotbaljen yn inkelde tsientallen jierren |
| 25 | | útgroeid fan elite- ta folkssport by útstek. |
5 | | | De ‘echte’ sporten binne yn ferskate opsichten oantreklik, lit dêr foaral gjin misferstân |
| | | oer bestean. Dat jildt bygelyks foar it nivo fan beöefening (dat ek binnen de profsporten |
| | | noch hieltiten tanimt), mei as plezierich gefolch dat de taskôgers fan faak attraktyf spul |
| | | genietsje kinne, it jildt foar de beöefeners (foar de bêsten bestiet de beleanning út bergen |
| 30 | | jild en ynternasjonale rom) en it jildt foar de sponsors (dy’t der – as se ek mar in bytsje by |
| | | de tiid binne – materieel én ymmaterieel better fan wurde). |
6 | | | By de Fryske sporten leit dat fansels yn in grut tal opsichten oars, mar binne se dêrom |
| | | minder? Ik soe in fuotbalwedstriid op nivo, lit ús sizze Real Madrid tsjin Bayer Leverkusen, |
| | | net graach misse wolle, mar dat is net minder wier foar in knappe finale tusken Pieter van |
| 35 | | Tuinen-André Kuipers-Chris Wassenaar tsjin bygelyks Simon Minnesma-Kor Zittema- |
| | | Teake Triemstra. Better is der ommers op it ‘plaatselijk trapveldje’ net. Om noch eefkes by |
| | | it my dierbere keatsen te bliuwen: Wat jout it ek in freugde om it spultsje sels te spyljen, de |
| | | altiten wer nije sensaasje dat troch in perfekte gearwurking fan hert, hân en holle de bal |
| | | komt dêr’t men him hawwe wol. |
7 | 40 | | Mar it giet om folle mear. De reis oer bochtsjende binnendykjes nei Makkum of tusken |
| | | de bloeiende ierappelfjilden troch nei Berltsum, de simmer om jin hinne en de sinne op ’e |
| | | hûd, de lûden fan merke en muzyk, it praat mei him en mei har, it meifielen mei de |
| | | ferliezer, de hân foar de winner, de neisit mei de maten, it ferslach de oare deis yn de krante |
| | | en op ’e tillevyzje. En wa’t dan noch net sêd is, kin terjochte yn boek en museum. Keatsen |
| 45 | | en fierljeppen en damjen moatte dus krekt net it paad fan de grutte sporten op wolle (as dat |
| | | al kinne soe), se moatte gebrûk meitsje fan har sterke punten en dy lizze yn it Fryske libben |
| | | en yn de Fryske kultuer. Sa is der yn Fryslân alle romte foar de ‘echte sporten’ én foar de |
| | | ‘Fryske sporten’. |