1 | | | Yn de bibleteek fan myn âlde legere skoalle stie in boek dat ik as jonkje fan tsien mear |
| | | as ien kear lêzen haw. ‘Meester Vrijbuiter’ hjitte it. It gie oer in frijwat ûnotterdokse |
| | | skoalmaster, mar freegje my fierder net oer it hoe en wat. Der is my eins mar ien detail |
| | | bybleaun fan it boek: de haadfiguer hie as húsdier in nuete liuw. |
2 | 5 | | Dat like my as bern ek wol wat ta. It moast dochs as bern in machtich gefoel jaan om |
| | | baas te wêzen fan sa’n grut en sterk bist as in liuw. Dat hy kaam as jo fluiten en dat er in |
| | | poatsje joech as jo him derom fregen. En as jo dan in freontsje hienen dat jo wat levere hie, |
| | | dan gongen jo efkes mei de liuw by him del en dan seinen jo: Wat woest no eins. Ik haw der |
| | | as bern hiel wat oer fantasearre en ik naam my foar om as ik grut wie in liuw te nimmen. |
3 | 10 | | Dat is him net wurden. It is bleaun by in kat en dêr bin ik ek hiel tefreden mei. It is in |
| | | leaf bist, in bytsje eigenwiis mar o sa oanhinklik en húslik. Bytiden hat it der mear fan dat |
| | | wy by him yn ’e hûs wenje as oarsom. |
4 | | | Winliken is it apart dat de kat him ûntjûn hat ta in echt húsdier en in minskefreon. Yn it |
| | | wyld is in kat in solitêr libjend bist, dat him net hechtet oan soartgenoaten. Hy libbet hiel |
| 15 | | oars as in hûn. Dy libbet yn it wyld yn groepsferbân en eltse hûn wit syn plak yn sa’n |
| | | roedel. Dêrom is de hûn fan natuere geskikt as húsdier. It gesin is syn roedel dêr’t er syn |
| | | eigen plakje yn hat. |
5 | | | In bist dat ek yn groepsferbân libbet, is de liuw. Yn de natuer libje dominante mantsjes |
| | | mei in stikmannich wyfkes en keppels jongen fan ferskillende leeftiden as húshâldinkjes |
| 20 | | mei elkoar. Yn sa’n húshâlding hat elts bist syn eigen plak. Dat allinnich al makket de liuw |
| | | geskikt as húsdier. |
6 | | | Mar ek syn aard makket him dat. Liuwen skine tige oanhinklike, yntelliginte en sels |
| | | sêftmoedige bisten te wêzen dy’t har maklik oan de minsken hechtsje. Koart sein: de liuw |
| | | soe in ideaal húsdier wêze. |
7 | 25 | | Safier is it net kaam. De liuw mei noch safolle goede eigenskippen hawwe, de minske |
| | | hat him der nea oan weage him te domestisearjen. De reden leit fansels foar de hân. In liuw |
| | | is te sterk en hy hat in te grutte bek. It is te riskant om sa’n bist yn ’e hûs te hawwen. |
8 | | | Elts bist komt wolris yn in sitewaasje dat er efkes fan him ôfbyt. As ik ús poeky per |
| | | ûngelok op syn poat stap as er my foar de fuotten rint, dan set er my de nagels efkes yn de |
| 30 | | bokse. Mei in liuw yn ‘e hûs soe soks minder ôfrinne. Hoe grutter en sterker in bist is, hoe |
| | | grutter ommers ek de skea. |
9 | | | Wat foar skea in grut en sterk bist oanrjochtsje kin, lit de rottweiler sjen. Geregeldwei |
| | | ferskine der yn de parse berjochten oer rottweilers dy’t oare bisten en bern slim biten |
| | | hawwe. |
10 | 35 | | Alle jierren wurde der yn ús lân 12.000 minsken troch in hûn biten. Meastal ek noch |
| | | troch har eigen bist. Yn ien op de fiif gefallen is in rottweiler de dieder. Betsjut dat no dat |
| | | de rottweiler in agressivere hûn is as oare hûnen? It regear tinkt fan wol en hat plannen foar |
| | | in agressytest. Sakket in hûn foar dy test dan mei der net mei fokt wurde. |
11 | | | Rottweilerbazen sjogge neat yn sa’n test en ik jou se gelyk. As sa’n baas my fertelt dat |
| 40 | | in rottweiler in oanhinklik, yntelligint en yn wêzen sêftaardich bist is dat him geweldich |
| | | oan de minske hechtet, dan bin ik fuortendaliks ree dat fan him oan te nimmen. Agressyf of |
| | | net agressyf, dat is nammentlik de fraach net. It probleem mei de rottweiler is gewoan dat er |
| | | sa’n grutte en sterke bek hat. |
12 | | | Elts bist byt wolris. Ek in rottweiler. Miskien bite pekinezen en dwerchpinchers wol |
| 45 | | faker as in rottweiler en miskien binne se ek wol agressiver, mar om’t se it formaat fan ús |
| | | kat hawwe, falt de skea meastal wol ta en helje se de statistiken net. As in rottweiler byt, is |
| | | it fuortendaliks mis. Dat komt fan dy grutte bek. Hy hat in bek as in liuw. Troch dy bek is |
| | | de rottweiler like min geskikt as húsdier as in liuw. |
13 | | | Om my hoege echt net fuortendaliks alle rottweilers Rendac-ryp makke te wurden. Lit |
| 50 | | de tiid it probleem mar oplosse. Om my meie alle rottweilers dy’t der no binne en dy’t |
| | | harren gedrage, yn frede âld wurde en stjerre. Mar as der fan dit momint ôf net mear |
| | | bykomme, dan binne wy der oer tsien jier ôf. Ik haw myn liuw nea krigen. Foar in |
| | | rottweilerbaas moat der ek te libjen wêze mei in stabij. |