Cliffs of Moher |
1 | | | Tsja, wat is de oantrekkingskrêft fan in liet en wêrom sprekt it iene liet mear |
| | | oan as it oare? As der in ‘formule’ bestean soe om in hit te skriuwen, dan soe |
| | | elk dat miskien wol dwaan. Mar hits wurde, neffens my, net skreaun mar makke |
| | | troch it publyk. Alhiel as it giet om lieten yn in minderheidstaal as it Frysk. Dêr |
| 5 | | hat de kommersy net folle ynfloed op. De minsken bepale wat sy al of net moai |
| | | fine en dat is ek mar goed. In lietskriuwer skriuwt yn it foarste plak foar himsels |
| | | en tinkt der net op foarhân oer nei oft in liet al of net oanslaan sil, alteast ik doch |
| | | dat net. Ik fyn it prachtich as dat slagget, mar kin en wol dat proses net |
| | | beynfloedzje. |
2 | 10 | | Earlik sein wie ik ferstuivere doe’t ferline jier bliken die dat myn lietsje Cliffs |
| | | of Moher op nûmer ien einige yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. Fansels |
| | | wist ik wol dat in protte minsken it in moai liet fine, der wurdt by optredens |
| | | geregeld om frege, mar dat it safolle stipe krije soe, dat hie ik noait tocht. |
3 | | | Ik tink dat it liet twa punten mei hat. It is in ridlik ienfâldige en tagonklike |
| 15 | | meldij dy’t al gau hingjen bliuwt, ek nochris aardich Iersk klinkt (hoewol’t ik dy |
| | | sels betocht ha) en foaral ek mankelyk oandocht. Mar like wichtich is, tink ik, dat |
| | | de tekst basearre is op in wier bard ferhaal. |
4 | | | De eigeneresse fan in Bed & Breakfast (B&B) yn Doolin, Ierlân, tichtby de |
| | | Cliffs of Moher, fertelde my dat ferhaal doe’t ik dêr yn juny 1996 in pear dagen |
| 20 | | op fakânsje wie. Earder dat jier hie sy in jong steltsje, ik wol leauwe út Dútslân |
| | | wei, ek by har oer de flier hân. Dy twa hawwe har weage oan de foet fan de |
| | | Cliffs. Beide binne se troch in weach de see ynlutsen, it famke wurdt mei in |
| | | folgjende weach wer op in richel smiten en oerlibbet it, de jonge hawwe se nea |
| | | wer fûn. De frou fan de B&B wie der moannen letter noch oerémis fan en dat kin |
| 25 | | ik my foarstelle. |
5 | | | It ferhaal spoeke my lang yn ’e holle om en mear as fiif jier letter ha ik it ris |
| | | op papier set, in bytsje ‘oanklaaid’ fansels, mar wol mei as basis dat wier barde |
| | | dramatyske ferhaal: |
| | | |
| | | ’t Wie in mearke gelyk, in ferhaal út in film |
| 30 | | Hy stoer en lûd, sy leaf en stil |
| | | Mar wol o sa fereale, de ien op de oar |
| | | En wêr’t sy ek wienen, inkeld each foar elkoar |
| | | |
| | | ’k Nim dy mei, ’k nim dy mei, sa sei hy tsjin har |
| | | Nei dat lân fan myn dreamen, ik lit dy gjin kar |
| 35 | | En ek dû wurdst betsjoene, foardatst it witst |
| | | Astû stiest op de high Cliffs of Moher, yn ’e mist |
| | | |
| | | Kearsang: |
| | | Yn dat lân dêr’t in liet klinkt út elk hûs en kroech |
| | | Wêrfan’t sjongers en dichters ferhelje |
| 40 | | Dêr’t it libben faak kalm is, de see altyd rûch |
| | | Dêr’tstû thús bist, al komst ek fan fier |
| | | |
| | | Harren takomst wie makke, sy hienen plannen by ’t soad |
| | | Mei him wol ik libje, mei har wurd ik âld |
| | | En op Saint Patricksdei hat in âlde pastoar |
| 45 | | Har troud yn ’e rein, dêr by de high Cliffs of Moher |
| | | |
| | | Kearsang |
| | | ’t Wie in dizige dei, hiel ier yn ’e moarn |
| | | Doe’t hy sei tsjin syn leafste, kom jou my dyn hân |
| | | Want der is wier neat moaiers, dû leaust my grif |
| 50 | | Astû aanst mei my giest oan de foet fan it klif |
| | | |
| | | Op dat paad, smel en glysterich, mei de see sa tichtby |
| | | Fûn syn foet gjin hâldfêst, en in weach naam him mei |
| | | Yn dat iiskâlde wetter wie ’t dat er stoar |
| | | Foar it each fan syn faam, dêr by de Cliffs of Moher |
| | | |
6 | 55 | | Minsken leauwe yn de wierheid, yn datjinge dêr’t sy harsels wat by foarstelle |
| | | kinne. En Friezen hâlde neffens my ek wol fan ditsoarte tryste, mankelike |
| | | ferhalen. Fansels leau ik ek wol dat de oantrekkingskrêft fan it liet yn positive sin |
| | | beynfloede is troch de fideoklip dy’t derby makke is. Minsken kinne it ferhaal dan |
| | | noch better foar de geast krije. It is dus grif de wurking fan mear faktoaren dy’t |
| 60 | | bepale wat in liet mei minsken docht. |