Background image

terug

Cliffs of Moher

Cliffs of Moher

1    Tsja, wat is de oantrekkingskrêft fan in liet en wêrom sprekt it iene liet mear
 oan as it oare? As der in ‘formule’ bestean soe om in hit te skriuwen, dan soe
 elk dat miskien wol dwaan. Mar hits wurde, neffens my, net skreaun mar makke
 troch it publyk. Alhiel as it giet om lieten yn in minderheidstaal as it Frysk. Dêr
5 hat de kommersy net folle ynfloed op. De minsken bepale wat sy al of net moai
 fine en dat is ek mar goed. In lietskriuwer skriuwt yn it foarste plak foar himsels
 en tinkt der net op foarhân oer nei oft in liet al of net oanslaan sil, alteast ik doch
 dat net. Ik fyn it prachtich as dat slagget, mar kin en wol dat proses net
 beynfloedzje.
210    Earlik sein wie ik ferstuivere doe’t ferline jier bliken die dat myn lietsje Cliffs
 of Moher op nûmer ien einige yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. Fansels
 wist ik wol dat in protte minsken it in moai liet fine, der wurdt by optredens
 geregeld om frege, mar dat it safolle stipe krije soe, dat hie ik noait tocht.
3    Ik tink dat it liet twa punten mei hat. It is in ridlik ienfâldige en tagonklike
15 meldij dy’t al gau hingjen bliuwt, ek nochris aardich Iersk klinkt (hoewol’t ik dy
 sels betocht ha) en foaral ek mankelyk oandocht. Mar like wichtich is, tink ik, dat
 de tekst basearre is op in wier bard ferhaal.
4    De eigeneresse fan in Bed & Breakfast (B&B) yn Doolin, Ierlân, tichtby de
 Cliffs of Moher, fertelde my dat ferhaal doe’t ik dêr yn juny 1996 in pear dagen
20 op fakânsje wie. Earder dat jier hie sy in jong steltsje, ik wol leauwe út Dútslân
 wei, ek by har oer de flier hân. Dy twa hawwe har weage oan de foet fan de
 Cliffs. Beide binne se troch in weach de see ynlutsen, it famke wurdt mei in
 folgjende weach wer op in richel smiten en oerlibbet it, de jonge hawwe se nea
 wer fûn. De frou fan de B&B wie der moannen letter noch oerémis fan en dat kin
25 ik my foarstelle.
5    It ferhaal spoeke my lang yn ’e holle om en mear as fiif jier letter ha ik it ris
 op papier set, in bytsje ‘oanklaaid’ fansels, mar wol mei as basis dat wier barde
 dramatyske ferhaal:
 
  ’t Wie in mearke gelyk, in ferhaal út in film
30  Hy stoer en lûd, sy leaf en stil
  Mar wol o sa fereale, de ien op de oar
  En wêr’t sy ek wienen, inkeld each foar elkoar
 
  ’k Nim dy mei, ’k nim dy mei, sa sei hy tsjin har
  Nei dat lân fan myn dreamen, ik lit dy gjin kar
35  En ek dû wurdst betsjoene, foardatst it witst
  Astû stiest op de high Cliffs of Moher, yn ’e mist
 
 Kearsang:
  Yn dat lân dêr’t in liet klinkt út elk hûs en kroech
  Wêrfan’t sjongers en dichters ferhelje
40  Dêr’t it libben faak kalm is, de see altyd rûch
  Dêr’tstû thús bist, al komst ek fan fier
 
  Harren takomst wie makke, sy hienen plannen by ’t soad
  Mei him wol ik libje, mei har wurd ik âld
  En op Saint Patricksdei hat in âlde pastoar
45  Har troud yn ’e rein, dêr by de high Cliffs of Moher
 
 Kearsang
  ’t Wie in dizige dei, hiel ier yn ’e moarn
  Doe’t hy sei tsjin syn leafste, kom jou my dyn hân
  Want der is wier neat moaiers, dû leaust my grif
50  Astû aanst mei my giest oan de foet fan it klif
 
  Op dat paad, smel en glysterich, mei de see sa tichtby
  Fûn syn foet gjin hâldfêst, en in weach naam him mei
  Yn dat iiskâlde wetter wie ’t dat er stoar
  Foar it each fan syn faam, dêr by de Cliffs of Moher
 
655    Minsken leauwe yn de wierheid, yn datjinge dêr’t sy harsels wat by foarstelle
 kinne. En Friezen hâlde neffens my ek wol fan ditsoarte tryste, mankelike
 ferhalen. Fansels leau ik ek wol dat de oantrekkingskrêft fan it liet yn positive sin
 beynfloede is troch de fideoklip dy’t derby makke is. Minsken kinne it ferhaal dan
 noch better foar de geast krije. It is dus grif de wurking fan mear faktoaren dy’t
60 bepale wat in liet mei minsken docht.


Nei: in artikel fan Gurbe Douwstra yn De Moanne fan oktober 2009