Background image

terug

Emoasje fersus regels

Emoasje fersus regels

1    Harm Niesen fan de Stichting Faunabescherming is al 27 jier yn 'e slach mei de Fryske
 aaisikers. Niesen kin him net yntinke dat der yn dat hiele grutte Europa ien lytse provinsje
 is dy't fêsthâlde kin oan it ljipaaisykjen. Dat ferhipte Fryslân. Dat bringt him ek ta in
 oerdriuwing. 9.000 minsken mei in kaart, kear fyftjin aaien, dat soe delkomme op 135.000
5 ljipaaien. De folsleine earste lêch fan de ljippen. Net elkenien fynt 15 aaien, al binne der
 yndied wol dy't mear fine en ek meinimme. 9.000 x 15 is te koart troch de bocht. Mar
 1.500, it tal neisoargers, x 15 soe al reëel wêze kinne. Niesen bliuwt like breinroer as
 altiten: "De BFVW (Bond van Friese Vogelbeschermingswachten) wurdt yn Nederlân net
 sjoen as in algemien akseptearde natoerbeskermingsorganisaasje, mar as in belange-
10 organisaasje foar it 'rapen' fan ljipaaien."
2     Anne Osinga, de foarsitter fan dy organisaasje, hat in hiel ienfâldich ferhaal: "Jo binne
 bûten, jo binne fernuvere oer de ljip dy't jo mei al syn fernimstichheden foar de gek hâlde
 wol, mar jo fine dochs soms syn aai. Dat is in trofee. En in trofee dy meie jo opkrije."
3     Yn de oarlochsjierren wie it in wylde binde yn it fjild. Ljipaaien wiene in wichtige
15 oanfolling op it ynkommen. It iten fan it lân, dus ek de aaien, wie in oanfolling op it
 rantsoen. De BFVW is krekt oprjochte om dy wyldgroei, om it wurd streuperij mar net te
 neamen, yn te damjen. De BFVW brocht de slutingsdatum fan it aaisykjen earst werom nei
 april, letter nei 13 april en no is it 8 april of noch earder. Fryslân is de iennichste
 provinsje dêr't it bestjoer fan fêststeld hat dat der in ûntheffing is foar it sykjen fan
20 ljipaaien. Mar dan moatte de minsken wol oan neisoarch dwaan en net mear as 15 ljipaaien
 meinimme.
4     Dêr't Harm Niesen grutte fraachtekens set by de neisoarch fan de Friezen, fertelt Osinga
 prachtige ferhalen oer boeren dy't 47 skriezepearen hawwe op sân bunder. En mear fan
 datsoarte fan suksessen. Mar hy seit ek dat at it aaisykjen ferbean wurdt, in hiel soad
25 minsken sizze sille fan: "Dan dochst it sels mar." De emoasje fan it aaisykjen is de
 motivaasje foar in goede neisoarch. Hy hopet dus dat de provinsje oant yn lingte fan dagen
 mei de ûntheffing de kop derfoar hâldt.
5     Harm Niesen sjocht dat hielendal net sitten. Wiist op de EU-fûgelrjochtline, seit dat dy
 net it 'eierrapen' ta doel hat. In ljip dy't by De Lemmer oer de dyk de polder yn giet, is net
30 ynienen in hiel oare ljip wurden. Mar hy giet der noch te folle fan út dat der net kontroleard
 wurdt, dat it ek net te kontrolearen is en dat tsientûzenen Friezen yn de greide omspane om
 de aaien ûnder de ljippekonten wei te klauwen. Swier oerdreaun. Mar dat is Osinga miskien
 ek wol mei syn emoasjeferhaal dat der op delkomt dat elke aaisiker automatysk oan
 neisoarch docht.

Nei in artikel fan Eelke Lok yn Natoer (Frysk tematydskrift) fan juny 2004