Background image

terug

De boer is syn status kwyt

DE BOER IS SYN STATUS KWYT

1    Geert Mak skriuwt yn syn boek Hoe God verdween uit Jorwerd. Een Nederlands dorp
 in de twintigste eeuw (1996) dat de status fan de boer troch de jierren hinne sterk weromrûn
 is. Castelein, Kuindersma en Hijlkema, leden fan de âlde boere-adel út it doarp, binne Sake,
 Hindrik en Bonne wurden. It binne neffens Mak gjin “heren” mear.
2    Ik bin it iens mei Mak dat de status fan de boer efterútgien is. Dat iepenbiere him
 lykwols net allinne yn it neamen fan de foarnammen. Dat is op it stuit oeral de gewoante.
 Yn Littenseradiel - de gemeente dêr’t Jorwert yn leit - wurdt boargemaster Liemburg faak
 Johanneke neamd en de direkteuren fan suvelfabriken binne gjin mynhear mear. Dat is de
 sang fan de tiid en mar goed ek.
3    Nee, de status fan de boer hat te meitsjen mei macht en it wurk dat de boer docht.
 Eartiids hie er arbeiders foar it wurk en seach er derop ta dat it goed dien waard. Hjoed de
 dei hat de boer masinen, mar hy moat sels it wurk dwaan. Dêrnjonken hie de boer eartiids in
 foaroansteande posysje yn it doarp. Hy siet yn de wichtichste bestjoeren. Hy hie der de tiid
 foar. Dat is no oars. Hy hat gjin tiid mear en boppedat is syn oansjen slim feroare.
4    Waling Dykstra skreau yn ’e twadde helte fan ’e njoggentjinde ieu:
 Ik wol de boerestân ris romme
 En sjong in fleurich liet har ta
 Want fan de boer moat alles komme
 En fan de boer moat elk it ha
 De wolfeart fan de boerestân
 Is wolfeart foar ús hele lân
 Dat wiene nochris tiden foar de boer. Hy waard wurdearre en bewûndere. Hy joech de toan
 oan. Op ’t eigen hiem, mar ek yn de mienskip. Dat hat ieuwen duorre. Boeren sieten yn
 bestjoeren fan de tsjerken, it Nut en alles wat fan belang wie foar doarp en plattelân.
5    It feit dat boeren yn bestjoeren sieten, betsjutte tagelyk dat dat foar de arbeider net
 weilein wie. De boer wie fier boppe de arbeider ferheven. Dy die wat de boer woe. Siet dus
 yn alle gefallen net mei him yn in bestjoer. In dúdlik, mar ek skrinend foarbyld is altyd
 noch de iisklup fan in doarp yn earder tiden. De boer bestjoerde en de (losse) arbeider
 probearre der yn ’e winter as baanfager wat by te fertsjinjen. Wybren Altena skreau der in
 fers oer. It earste kûplet fan ‘De Baenfager’ seit alles (omstavere):
 De winterkjeld makke ’m oerstallich
 By ’t wurk fan ’e baas wie er oer
 Syn berntsjes en wiif moasten ite
 En hy, heit, fertsjinne gjin stoer.
 De arbeider seach syn boer yn ’e winter net allinne op ’e iisbaan, mar ek by de diakonij.
 Dan moasten de arbeiders faak de hân ophâlde. Deselde boer, dy’t dien joech, stoppe de
 earme húshâlding wat ta út de rykdom fan de Tsjerke.
6    Oant yn de jierren fyftich fan de foarige ieu is de status fan de boer sawat gelyk
 bleaun. Hy wie de baas. Syn wurd wie wet. De arbeiders wennen yn arbeiderswenten, dy’t
 by de pleats hearden. As se har yn ’e hjerst by in oare boer bestelden, moast der op maaie
 wer ferhuze wurde. Dan begûnen boer en arbeider faak allebeide wer in nij aventoer.
7    Sa wie it dus. De boer ûntliende syn status benammen oan syn macht en minder oan
 syn persoanlikheid. Hy hie jild en besit; in aardich part fan it doarp wie fan him ôfhinklik.
 Net allinne it arbeidersfolk, mar ek de middenstân. Dêrom waard er ek faak keazen yn
 bestjoeren. De boer fûn it de gewoanste saak fan ’e wrâld. Oaren doarsten syn status (noch)
 net oan te taasten. It wie ek in gewoanterjocht dat boeren rûnom foaroan sieten en oaren der
 net by hawwe woene.
8    Ik wit it noch by ús thús. Us heit wie ien út in keppel fan alve bern en pake wie
 feekeapman. Hy koe se net allegearre boer meitsje. Sa waard ús heit nei syn trouwen boerearbeider.
 Dat hold ûnder mear yn dat hy yn it doarp - Jorwert - net lid wurde koe fan it Nut
 (Maatschappij tot Nut van het Algemeen). Yn ’e (earste) Encyclopedie van Friesland
 (1958), útjûn ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy, stiet: “De gedachte der
 volksontwikkeling in het ‘Nut’ sloot bij de verlichtingsidealen der Vrijzinnige
 dorpsnotabelen wonderwel aan.” Lykwols: “Arbeiders noch rechtzinnigen zag men op de
 avonden.”
9    Sa wie ’t. Doe’t ús heit boer waard op in hierspul, waard er fuortdaliks frege om lid te
 wurden fan it Nut. Hy sei ja, tsjin it sin fan ús mem, dy’t thús omfûtere: “Ik hie it net dien.
 Doe’t wy arbeider wiene, wiene wy te min. No’t wy boer binne, wolle se ús graach hawwe.
 Dat hoecht om my net.” Letter hat ús mem altyd nei de jûnen west om’t se der dochs graach
 by hearre woe. En ús heit siet yn in omsjoch yn ’e tsjerkerie. It wie yn ’e minne tritiger
 jierren fan de foarige ieu.
10    De grutte omslach foar de boer is kommen mei de meganisaasje yn de jierren fyftich
 en sechstich. It wie in grutte foarútgong yn de sektor. Letter bliek it ien grutte efterútgong
 te wêzen foar de status fan de boer. De meganisaasje ferdreau de arbeider fan de pleats. De
 melkmasine en de trekker kamen, de arbeider ferdwûn. Dy fûn dat net slim. Hy koe oan ’e
 slach yn de yndustry. Foar him in ferbettering. Wurkje op fêste tiden, yn ’t wykein frij en
 net mear alle jierren yn ôfwachting fan in nije ôfspraak mei de boer. Ek net mear wenje yn
 it hûs fan de boer. Koartsein frijheid.
11    Dat joech nije mooglikheden. It tal boeren yn it doarp naam ôf troch de
 skaalfergrutting. Mei de melkmasine en al it oare ark koene de pleatsen folle grutter wurde.
 It tal minsken dat wurke yn de yndustry of in amtlike funksje hie, naam ta. De struktuer fan
 it doarp waard oars. Hieltyd minder boeren. De arbeiders hiene neat mear te krijen mei de
 macht fan de boer. It die bliken dat de kapasiteit fan de arbeiders om bestjoersfunksjes yn te
 nimmen op syn minst sa grut wie as dy fan de boeren. Se namen de plakken yn de
 bestjoeren oer. Sûnder dat der in revolúsje ûntstie, kaam it bestjoer fan plattelân en doarp
 yn hannen fan wurknimmers en amtlik folk.
12    De boer heakke op mannich front ôf. Hy hie it bannich op syn eigen bedriuw. Hy stie
 der sels foar. Mei syn boerinne, dy’t yn it ferline de húshâlding bestjoerde mei in faam, mar
 no sels de hannen út de mouwen stekke moast en fakentiden de net betelle arbeider fan de
 boer waard. Letter fanwegen fiskale regels omsetten yn in maatskipskontrakt. Sa binne de
 boer en boerinne hjoed de dei tegearre drok dwaande op harren hiem. Boppedat sjocht de
 wrâld hiel oars tsjin harren oan. Se kontrolearje hoe’t de boer mei syn fee omgiet. Se
 hawwe in miening oer it lânskip. Dat alles fertaalt him yn gâns regels foar de boer. Dêr hat
 er it mier oan.
13    In protte boeren hawwe in hiel oar berop krige as dêr’t se foar keazen. Eartiids de
 arbeider(s) foar it wurk en sels it bestjoer oer de pleats en in wichtich plak yn it maatskiplik
 libben. No hat de maatskippij fia regeljouwing foar in aardich part it bestjoer oer it dwaan
 en litten fan de boer. En de arbeider hat syn sit yn de bestjoeren ynnommen.
 
 Nei: Jan de Vries, de Moanne, april 2000