Background image

terug

Rottweilers

Rottweilers

1     Yn de bibleteek fan myn âlde legere skoalle stie in boek dat ik as jonkje fan tsien mear
 as ien kear lêzen haw. ‘Meester Vrijbuiter’ hjitte it. It gie oer in frijwat ûnotterdokse
 skoalmaster, mar freegje my fierder net oer it hoe en wat. Der is my eins mar ien detail
 bybleaun fan it boek: de haadfiguer hie as húsdier in nuete liuw.
25     Dat like my as bern ek wol wat ta. It moast dochs as bern in machtich gefoel jaan om
 baas te wêzen fan sa’n grut en sterk bist as in liuw. Dat hy kaam as jo fluiten en dat er in
 poatsje joech as jo him derom fregen. En as jo dan in freontsje hienen dat jo wat levere hie,
 dan gongen jo efkes mei de liuw by him del en dan seinen jo: Wat woest no eins. Ik haw der
 as bern hiel wat oer fantasearre en ik naam my foar om as ik grut wie in liuw te nimmen.
310     Dat is him net wurden. It is bleaun by in kat en dêr bin ik ek hiel tefreden mei. It is in
 leaf bist, in bytsje eigenwiis mar o sa oanhinklik en húslik. Bytiden hat it der mear fan dat
 wy by him yn ’e hûs wenje as oarsom.
4     Winliken is it apart dat de kat him ûntjûn hat ta in echt húsdier en in minskefreon. Yn it
 wyld is in kat in solitêr libjend bist, dat him net hechtet oan soartgenoaten. Hy libbet hiel
15 oars as in hûn. Dy libbet yn it wyld yn groepsferbân en eltse hûn wit syn plak yn sa’n
 roedel. Dêrom is de hûn fan natuere geskikt as húsdier. It gesin is syn roedel dêr’t er syn
 eigen plakje yn hat.
5     In bist dat ek yn groepsferbân libbet, is de liuw. Yn de natuer libje dominante mantsjes
 mei in stikmannich wyfkes en keppels jongen fan ferskillende leeftiden as húshâldinkjes
20 mei elkoar. Yn sa’n húshâlding hat elts bist syn eigen plak. Dat allinnich al makket de liuw
 geskikt as húsdier.
6     Mar ek syn aard makket him dat. Liuwen skine tige oanhinklike, yntelliginte en sels
 sêftmoedige bisten te wêzen dy’t har maklik oan de minsken hechtsje. Koart sein: de liuw
 soe in ideaal húsdier wêze.
725     Safier is it net kaam. De liuw mei noch safolle goede eigenskippen hawwe, de minske
 hat him der nea oan weage him te domestisearjen. De reden leit fansels foar de hân. In liuw
 is te sterk en hy hat in te grutte bek. It is te riskant om sa’n bist yn ’e hûs te hawwen.
8     Elts bist komt wolris yn in sitewaasje dat er efkes fan him ôfbyt. As ik ús poeky per
 ûngelok op syn poat stap as er my foar de fuotten rint, dan set er my de nagels efkes yn de
30 bokse. Mei in liuw yn ‘e hûs soe soks minder ôfrinne. Hoe grutter en sterker in bist is, hoe
 grutter ommers ek de skea.
9     Wat foar skea in grut en sterk bist oanrjochtsje kin, lit de rottweiler sjen. Geregeldwei
 ferskine der yn de parse berjochten oer rottweilers dy’t oare bisten en bern slim biten
 hawwe.
1035     Alle jierren wurde der yn ús lân 12.000 minsken troch in hûn biten. Meastal ek noch
 troch har eigen bist. Yn ien op de fiif gefallen is in rottweiler de dieder. Betsjut dat no dat
 de rottweiler in agressivere hûn is as oare hûnen? It regear tinkt fan wol en hat plannen foar
 in agressytest. Sakket in hûn foar dy test dan mei der net mei fokt wurde.
11     Rottweilerbazen sjogge neat yn sa’n test en ik jou se gelyk. As sa’n baas my fertelt dat
40 in rottweiler in oanhinklik, yntelligint en yn wêzen sêftaardich bist is dat him geweldich
 oan de minske hechtet, dan bin ik fuortendaliks ree dat fan him oan te nimmen. Agressyf of
 net agressyf, dat is nammentlik de fraach net. It probleem mei de rottweiler is gewoan dat er
 sa’n grutte en sterke bek hat.
12     Elts bist byt wolris. Ek in rottweiler. Miskien bite pekinezen en dwerchpinchers wol
45 faker as in rottweiler en miskien binne se ek wol agressiver, mar om’t se it formaat fan ús
 kat hawwe, falt de skea meastal wol ta en helje se de statistiken net. As in rottweiler byt, is
 it fuortendaliks mis. Dat komt fan dy grutte bek. Hy hat in bek as in liuw. Troch dy bek is
 de rottweiler like min geskikt as húsdier as in liuw.
13     Om my hoege echt net fuortendaliks alle rottweilers Rendac-ryp makke te wurden. Lit
50 de tiid it probleem mar oplosse. Om my meie alle rottweilers dy’t der no binne en dy’t
 harren gedrage, yn frede âld wurde en stjerre. Mar as der fan dit momint ôf net mear
 bykomme, dan binne wy der oer tsien jier ôf. Ik haw myn liuw nea krigen. Foar in
 rottweilerbaas moat der ek te libjen wêze mei in stabij.

Leeuwarder Courant, 18 augustus 2001, Sytze Singelsma