Background image

terug

De regionale media, in lús yn ’e pels?

De ûndersteande tekst hat Willem Verf foardroegen yn it mediakafee fan de Ljouwerter
krante en Omrop Fryslân. Dat barde nei oanlieding fan it 250-jierrich bestean fan de
Ljouwerter Krante.

De regionale media, in lús yn ’e pels?

1    In lús is in dier dat men fange wol om it dêrnei dea te knipen. Wa’t ea bern hân hat op
 pjutteplak of basisskoalle, wit wat it betsjut, luzen. Unbidige jokte. Folders mei ynstruksje
 fan de GGD. Kilo’s klean waskje. Unskuldige bern mei prikeljende, giftige sjampo hyltyd
 wer ûnder de dûs sette. Wêrom soe in himsels respektearjend sjoernalist de ferliking mei in
5 lús op priis stelle?
2    Soe it doel fan de frije parse wêze om de lêzers, of de minsken dêr’t reportaazjes oer
 makke wurde, te klieren? Dat liket my net. Ik haw dat nea goed begrepen, de ferbining dy’t
 der lein wurdt tusken luzen yn ’e pels en de krityske funksje fan de parse. In lús is in
 parasyt en de Fryske media (kranten, radio en televyzje) soene dat net wêze moatte wolle.
10 Hja binne dat ek net. Dat byld doocht dus net.
3    Kritysk wêze is hiel wat oars as bloed sûge en jûkjende niten ûnder de hollehûd bringe
 mei gjin oar doel as de eigen fuortplanting. Kritysk wêze tsjinnet hegere doelen. Misstannen
 oan it ljocht bringe. It publyk goed ynformearje oer alle kanten fan in kwestje. Minsken fan
 kwizekwânsje sa nedich konfrontearje mei har eigen brike setten. En gean sa mar troch.
415    Foar de sjoernalist fan hjoed de dei betsjut kritysk wêzen lykwols, dat er him nearne
 drok oer makket. Jin drok meitsje betsjut engaazjemint, ferbining oangean, fine dat it net
 goed is sa’t it is, dat it oars moat. Dat is allegearre wat út ’e tiid. En in sjoernalist moat
 fansels by de tiid wêze. Om in echte sjoernalist te wêzen - en wat provinsjaler oft er wurkje
 moat, wat sterker de winsk is om him dochs foaral te profilearjen as in echte sjoernalist -
20 mjit er him in hâlding oan fan: fertel my wat.
5    Ik wit krekt hoe’t dat fierder giet. Eins stiet er in bytsje ûnferskillich foar al dat geskrep
 en gekreau fan gewoane minsken oer. Mei in Frânsk wurd: hy sjocht mei dédain op it barren
 del, justjes út ’e hichte, noch krekt ree om der no en dan in stikje oer te skriuwen of in
 programma oer te meitsjen. It publyk en foaral de minsken oer wa’t er skriuwt, moatte him
25 tige tankber wêze dat er dy muoite nimme wol. Dat is de útstrieling fan de ‘echte’
 sjoernalist. Hoedzje my foar de krityske stikjes fan sokke echte sjoernalisten.
6    Mar de measte minsken, ek pommeranten, fine it hiel moai om yn ’e krante te kommen
 of op ’e radio of televyzje. En dan wol leafst in bytsje posityf. Dan moatte jo as sjoernalist
 hiel sterk yn ’e skuon stean om kritysk te wêzen. Dan moatte jo ek kritysk op josels wêze,
30 sis mar.
7    Kritysk wêze dogge jo op basis fan opfettings. Dy moatte je dan wol hawwe. Want as de
 eigen opfettings oer goed en kwea net de basis foar de krityk foarmje, dan is der gjin oare
 noarm as de ferûnderstelde opfettings fan flinke groepen lêzers, harkers en sjoggers. As
 krityk gjin oar doel hat as it publyk soppige reportaazjes te bieden dêr’t je skande fan
35 sprekke kinne, dan meie sy dy krityk om my wol foar har hâlde. Gelokkich dogge de Fryske
 media dat dan ek meastal.
8    Opfettings fan sjoernalisten persoanlik is ien ding, it moaiste is as in krante of in omrop
 sokssawat hat as in eigen identiteit. Kin ús regionale parse him dy eigen identiteit
 permittearje? It Frysk Deiblêd docht it, mar it is in hiele toer om as kristlike krante de holle
40 boppe wetter te hâlden. De Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân biede eins elkenien wol
 wat. Guon saken wurde kritysk behannele, mar dat jildt lang net foar alle ûnderwerpen. It
 hinget der hielendal fan ôf hokker redakteur deroer gear west hat.
9    Ornaris, is myn yndruk, binne krante en omrop hjir net echt lestich. Sy binne myld.
 Want ferskaat biede oan grutte groepen lêzers soene je ek beneame kinne as: oanslute by de
45 folksaard. Fryslân is in grut doarp. Je komme elkoar dochs wer tsjin. En dêr komt noch wat
 by: it hantsjefol by it grutte publyk bekende Fryske sjoernalisten stekt fansels ek
 regelmjittich de kop op as presintator fan ynspraakjûnen, foarljochtingsgearkomsten of
 soms sels fan bedriuwspresintaasjes. It kin net oars as dat stiet in krityske hâlding yn ’e
 wei.
1050    Bytiden konstatear ik gemaksucht. Om in goeie krityske toan te treffen is der njonken it
 earder neamde engaazjemint ek eftergrûnkennis nedich. Je moatte je ferdjipje yn de saak,
 ûndersyk dwaan, net tefreden wêze mei oerflakkige kennis. Dat de redaksjes net grut
 genôch wêze soene foar sok wurk, kin foar de LC net opgean. En by de Omrop tink ik
 wolris: al dat folk dat hjir omspaant mei kamera’s en triedden en dat rezjy-oanwizings jout,
55 stiet dat noch wol yn ferhâlding 55 ta it tal sjoernalisten?
11    En de konkurrinsje dan, hâldt dy de parse net skerp? Ut ûnderfining wit ik: as de Omrop
 it nijs as earste hat, komt de Ljouwerter faak mei in lyts berjocht oer itselde feit. En hat de
 krante it as earste, dan komt it faak net mear foar de radio.
12    Mar earlik is earlik: de Ljouwerter Krante is ien fan de grutste en stabylste regionale
60 deiblêden. Omrop Fryslân wurdt goed besjoen en beharke. Miskien hat it Fryske folk ek net
 safolle ferlet fan krityske sjoernalistyk. En miskien is it doel fan de krante of in omrop wol
 hielendal net om in krityske faktor yn de maatskippij te wêzen. Ferdivedaasje biede, lêzers
 befêstigje yn har opfettings, wichtige persoanen moai belangryk bliuwe litte. Dan rint men
 ek gjin risiko om deaknypt te wurden, lykas dy lús yn ’e pels. Mar winliken fielt it dochs no
65 en dan wat ûngemaklik. En dan wol men fan in oar hearre dat it dochs wol wat kritysker
 kin. No, graach dien.
 
 Nei: Willem Verf, de Moanne, septimber/oktober 2002