De ûndersteande tekst hat Willem Verf foardroegen yn it mediakafee fan de Ljouwerter
krante en Omrop Fryslân. Dat barde nei oanlieding fan it 250-jierrich bestean fan de
Ljouwerter Krante.
1 | In lús is in dier dat men fange wol om it dêrnei dea te knipen. Wa’t ea bern hân hat op | ||
pjutteplak of basisskoalle, wit wat it betsjut, luzen. Unbidige jokte. Folders mei ynstruksje | |||
fan de GGD. Kilo’s klean waskje. Unskuldige bern mei prikeljende, giftige sjampo hyltyd | |||
wer ûnder de dûs sette. Wêrom soe in himsels respektearjend sjoernalist de ferliking mei in | |||
5 | lús op priis stelle? | ||
2 | Soe it doel fan de frije parse wêze om de lêzers, of de minsken dêr’t reportaazjes oer | ||
makke wurde, te klieren? Dat liket my net. Ik haw dat nea goed begrepen, de ferbining dy’t | |||
der lein wurdt tusken luzen yn ’e pels en de krityske funksje fan de parse. In lús is in | |||
parasyt en de Fryske media (kranten, radio en televyzje) soene dat net wêze moatte wolle. | |||
10 | Hja binne dat ek net. Dat byld doocht dus net. | ||
3 | Kritysk wêze is hiel wat oars as bloed sûge en jûkjende niten ûnder de hollehûd bringe | ||
mei gjin oar doel as de eigen fuortplanting. Kritysk wêze tsjinnet hegere doelen. Misstannen | |||
oan it ljocht bringe. It publyk goed ynformearje oer alle kanten fan in kwestje. Minsken fan | |||
kwizekwânsje sa nedich konfrontearje mei har eigen brike setten. En gean sa mar troch. | |||
4 | 15 | Foar de sjoernalist fan hjoed de dei betsjut kritysk wêzen lykwols, dat er him nearne | |
drok oer makket. Jin drok meitsje betsjut engaazjemint, ferbining oangean, fine dat it net | |||
goed is sa’t it is, dat it oars moat. Dat is allegearre wat út ’e tiid. En in sjoernalist moat | |||
fansels by de tiid wêze. Om in echte sjoernalist te wêzen - en wat provinsjaler oft er wurkje | |||
moat, wat sterker de winsk is om him dochs foaral te profilearjen as in echte sjoernalist - | |||
20 | mjit er him in hâlding oan fan: fertel my wat. | ||
5 | Ik wit krekt hoe’t dat fierder giet. Eins stiet er in bytsje ûnferskillich foar al dat geskrep | ||
en gekreau fan gewoane minsken oer. Mei in Frânsk wurd: hy sjocht mei dédain op it barren | |||
del, justjes út ’e hichte, noch krekt ree om der no en dan in stikje oer te skriuwen of in | |||
programma oer te meitsjen. It publyk en foaral de minsken oer wa’t er skriuwt, moatte him | |||
25 | tige tankber wêze dat er dy muoite nimme wol. Dat is de útstrieling fan de ‘echte’ | ||
sjoernalist. Hoedzje my foar de krityske stikjes fan sokke echte sjoernalisten. | |||
6 | Mar de measte minsken, ek pommeranten, fine it hiel moai om yn ’e krante te kommen | ||
of op ’e radio of televyzje. En dan wol leafst in bytsje posityf. Dan moatte jo as sjoernalist | |||
hiel sterk yn ’e skuon stean om kritysk te wêzen. Dan moatte jo ek kritysk op josels wêze, | |||
30 | sis mar. | ||
7 | Kritysk wêze dogge jo op basis fan opfettings. Dy moatte je dan wol hawwe. Want as de | ||
eigen opfettings oer goed en kwea net de basis foar de krityk foarmje, dan is der gjin oare | |||
noarm as de ferûnderstelde opfettings fan flinke groepen lêzers, harkers en sjoggers. As | |||
krityk gjin oar doel hat as it publyk soppige reportaazjes te bieden dêr’t je skande fan | |||
35 | sprekke kinne, dan meie sy dy krityk om my wol foar har hâlde. Gelokkich dogge de Fryske | ||
media dat dan ek meastal. | |||
8 | Opfettings fan sjoernalisten persoanlik is ien ding, it moaiste is as in krante of in omrop | ||
sokssawat hat as in eigen identiteit. Kin ús regionale parse him dy eigen identiteit | |||
permittearje? It Frysk Deiblêd docht it, mar it is in hiele toer om as kristlike krante de holle | |||
40 | boppe wetter te hâlden. De Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân biede eins elkenien wol | ||
wat. Guon saken wurde kritysk behannele, mar dat jildt lang net foar alle ûnderwerpen. It | |||
hinget der hielendal fan ôf hokker redakteur deroer gear west hat. | |||
9 | Ornaris, is myn yndruk, binne krante en omrop hjir net echt lestich. Sy binne myld. | ||
Want ferskaat biede oan grutte groepen lêzers soene je ek beneame kinne as: oanslute by de | |||
45 | folksaard. Fryslân is in grut doarp. Je komme elkoar dochs wer tsjin. En dêr komt noch wat | ||
by: it hantsjefol by it grutte publyk bekende Fryske sjoernalisten stekt fansels ek | |||
regelmjittich de kop op as presintator fan ynspraakjûnen, foarljochtingsgearkomsten of | |||
soms sels fan bedriuwspresintaasjes. It kin net oars as dat stiet in krityske hâlding yn ’e | |||
wei. | |||
10 | 50 | Bytiden konstatear ik gemaksucht. Om in goeie krityske toan te treffen is der njonken it | |
earder neamde engaazjemint ek eftergrûnkennis nedich. Je moatte je ferdjipje yn de saak, | |||
ûndersyk dwaan, net tefreden wêze mei oerflakkige kennis. Dat de redaksjes net grut | |||
genôch wêze soene foar sok wurk, kin foar de LC net opgean. En by de Omrop tink ik | |||
wolris: al dat folk dat hjir omspaant mei kamera’s en triedden en dat rezjy-oanwizings jout, | |||
55 | stiet dat noch wol yn ferhâlding 55 ta it tal sjoernalisten? | ||
11 | En de konkurrinsje dan, hâldt dy de parse net skerp? Ut ûnderfining wit ik: as de Omrop | ||
it nijs as earste hat, komt de Ljouwerter faak mei in lyts berjocht oer itselde feit. En hat de | |||
krante it as earste, dan komt it faak net mear foar de radio. | |||
12 | Mar earlik is earlik: de Ljouwerter Krante is ien fan de grutste en stabylste regionale | ||
60 | deiblêden. Omrop Fryslân wurdt goed besjoen en beharke. Miskien hat it Fryske folk ek net | ||
safolle ferlet fan krityske sjoernalistyk. En miskien is it doel fan de krante of in omrop wol | |||
hielendal net om in krityske faktor yn de maatskippij te wêzen. Ferdivedaasje biede, lêzers | |||
befêstigje yn har opfettings, wichtige persoanen moai belangryk bliuwe litte. Dan rint men | |||
ek gjin risiko om deaknypt te wurden, lykas dy lús yn ’e pels. Mar winliken fielt it dochs no | |||
65 | en dan wat ûngemaklik. En dan wol men fan in oar hearre dat it dochs wol wat kritysker | ||
kin. No, graach dien. | |||
Nei: Willem Verf, de Moanne, septimber/oktober 2002 |