Background image

terug

Bange fersekeringsmaatskippijen binne út op elk syn genenpaspoart

Bange fersekeringsmaatskippijen binne út op elk syn genenpaspoart

11     Soestduinen (GPD) – Genetysk ûndersyk kin yn ’e takomst útmeitsje hoefolle risiko
2 immen op it krijen fan in slimme sykte rint. Meie fersekeringsmaatskippijen straks sa’n
3 genetysk paspoart fereaskje?
24     As aspirant-fersekerden oer harren genetyske gegevens beskikke kinne en
5 fersekeringsmaatskippijen net, dan bestiet it gefaar dat de kalkulearjende boarger dêrop
6 ynspilet. Nim in ’takomstige’ kankerpasjint dy’t noch efkes in libbensfersekering ôfslút
7 om syn gesin goed fersoarge achter te litten. Ymmoreel en ferkeard fansels, mar oan ’e
8 oare kant ek wol begryplik.
39     Professor Erik Fischer, foarsitter fan it Verbond van Verzekeraars, giet derfan út dat it
10 bart, ek yn ús lân. Under aktuarissen, dy’t de risiko’s foar fersekeringsmaatskippijen
11 berekkenje, is it probleem benammen bekend út it bûtelân. Yn it bysûnder yn ’e Feriene
12 Steaten. „Aids hat yn Nederlân net laat ta mear libbensfersekeringen of misbrûk dêrfan.
13 Dêrfoar is gjin bewiis. Yn Amearika wol,” seit Jan Verheij, in bestjoerder mei ûnderfining
14 út ’e fersekeringswrâld.
415     It Actuarieel Genootschap bûgde him de ôfrûne dagen oer de gefolgen fan genetyske
16 technology foar fersekeringen. It lit him oansjen dat yn 2005 alle genen (no al 140.000) yn
17 kaart brocht binne. Genetika-deskundige prof. Gert-Jan van Ommen tinkt dat de
18 technology net earder as mei tsien of fyftjin jier tapast wurdt. Mar de fraach is: hoe?
519     Van Ommen joech de eangst fan de tsjinstanners wer: „Diskriminaasje, stigmatisearring
20 en rasisme op grûn fan genetyske gegevens. De maklike tagonklikens foar bûtensteanders.
21 De minske dy’t as produkt fan DNA (erflik materiaal, red.) sjoen wurdt. Der is in protte
22 eangst.”
623     Mar Van Ommen lei benammen de klam op de positive kanten fan it gen, de foarútgong.
24 „Yn Amearika is nei hertynfarkt, kanker en beroerte, it ferkeard reagearjen op medisinen
25 de fjirde deadsoarsaak. Genetyske technology kin dat yn ’e takomst tefoarenkomme.”
726     Hy is net bang, lykas dat troch oaren gauris nei foaren skood wurdt, dat de
27 fersekeringsmaatskippijen ’risikodragers’ útslute. „Dy genetyske risikoprofilen binne sa
28 algemien dat der mei elkenien wol wat mis is. Dan soe gjinien mear te fersekerjen wêze.”
29 Dochs wolle fersekeringsmaatskippijen harren risiko’s beheine. Yn Nederlân meie sy foar
30 in libbensfersekering boppe de ƒ 300.000 of foar in arbeidsûngeskiktensfersekering fan
31 mear as ƒ 60.000 in medyske keuring easkje.
832     Under dy grins bestiet gjin meldingsplicht fan erflike sykten yn ’e famylje. Mar yn ’e
33 takomst, as de pasjint mear oer himsels en syn risiko’s wit, wolle de
34 fersekeringsmaatskippijen dy ynformaasje ek hawwe. Sy binne bang foar in massale run
35 fan risikodragers op poalissen dy’t dêrtroch úteinlik mear jild kostje as dat dy opsmite.
936     It ’genetysk paspoart’ sil dan de hichte fan de fersekeringspremy útmeitsje moatte, fine
37 de fersekeringsmaatskippijen. Mar der is gjin reden om benaud te wêzen dat soks liede sil
38 ta útsluting, wie it betinken fan in soad sprekkers yn Soestduinen.
1039     Neffens aktuaris Henri Aarts liedt allinne minder solidariteit ûnder fersekeren ta hegere
40 premy’s of útslutingen. „As de net-roker seit ’ik wol net meibetelje foar de roker’, dan is
41 der in probleem.”
1142     „Dan seit dy roker ’ik wol net meibetelje foar de sporter dy’t yn it wykein risiko’s nimt.’
43 En gean sa mar fierder. De groep fersekeren moat wol grut genôch bliuwe.” Neffens Aarts
44 moat de oerheid yn ’e takomst de solidariteit mei regeljouwing oereinhâlde.

Nei in artikel yn de Leeuwarder Courant fan 9 oktober 1999