Background image

terug

Mar net wer stimme

De útslach fan de Steateferkiezings fan 1999 wie ferrassend: de PvdA bleau yn Fryslân op 14 sitten stykjen (en krige lanlik tsien persint minder stimmen as by de Keamerferkiezings fan 1998), it CDA hold syn 18 sitten (en wûn lanlik seis persint). Ek RPF/SGP (2), GPV (1) en FGF (1) bleaunen stabyl. De winners wienen Grien Links (fan 2 nei 5) en de FNP (fan 3 nei 4). De liberalen ferlearen: de VVD sakke fan 10 nei 9, D66 fan 3 nei 1. Al skoden de Fryske Steaten dus in tikje op nei links, it kolleezje fan Deputearre Steaten soe wer bestean út PvdA, VVD en CDA. Klaas Jansma skreau nei oanlieding fan de útslach in artikel yn it aprilnûmer 1999 fan it tydskrift Trotwaer. Understeande tekst is in bewurking fan dat artikel.

Mar net wer stimme

11     Om it hjir foar dreamers draachlik te hâlden, moat men it fan ’e argewaasje ha. Striid
2 en ideaal, Fryslân hat der ieuwen in paradys fan west. Dat ha wy hân. Read en blau en fyn,
3 ienriedich ien – sa is it wurden.
24     Wa’t in skoft op it provinsjehûs tahâldt, kriget wat in apart sicht op ’e wrâld. Oars is it net
5 te begripen wêrom’t kommissaris fan ’e keninginne Ed Nijpels en de lieders fan de grutste
6 trije partijen nei de ferkiezings fan 3 maart krimmenearren oer de lege opkomst. It wie 54
7 persint; neffens de listlûkers Ploeg (CDA), Heldoorn (PvdA) en Van Klaveren (VVD) te
8 min. Ik fûn it noch hiel wat; eins te folle. Want stimme is kieze, mar der wie neat te
9 kiezen as men net by bysaken útkomme woe. Oer wynmûnen net en oer de ferhâlding
10 stêden-doarpen net, oer it kanaal nei Drachten ta net en oer de ekonomy net. Oer miljeu en
11 kultuer alhielendal net: dêr woene se net oer yn debat.
312     De ferkiezings fan 1999 gongen sadwaande nergens oer. Dat wie ek wol te begripen. Jo
13 hawwe mei trije grutte partijen in mearderheid fan santich persint en jo wolle nei de
14 ferkiezings mei dyselde oare twa fierder. Dan hat men gjin ferlet fan gedonder. Ik ha dêr
15 frede mei om’t der logika yn sit. Mar fergje it folk net op stimmen, want dat is poppekast –
16 en ûnlogysk.
417     De grutte trije hawwe it folk de mooglikheid ta kiezen ûntfytmanne. Se ha gjin ferlet mear
18 fan demokrasy. Dat is de measte minsken ek wol goed. Hja ha allegear in autootsje. En se
19 wolle ek gjin gedonder, oars hiene Verf (Grien Links) en Van der Baan (FNP) wol mear
20 stimmen krige.
521     It heart by de tiid. Dy’t de sile lûke moatte, hawwe in oare driuw as de idealen fan
22 foarhinne. Wat moat men dêr ek mei. It fjoer is ferfongen troch moderne
23 klimaatbehearsking, mei de termostaat winters en by’t simmer op 22. En der binne pillen
24 foar de lust. Dit is in lân fan frede en konsensus, it bestjoer is ridlik en fatsoenlik, de
25 lieders freonlik en midsmjittich. En it is foar en boppe alles saai, sa saai as in
26 middenstânsdoarpke yn Kent, salang’t in lustmoardner him dêr net oan ’e katten fergrypt.
27 De lju fiele har dêr noflik ûnder, want wy binne allegear like ridlik, fatsoenlik en
28 midsmjittich.
629     Soks hat fansels mei belang en ambysje te krijen, by de fertsjintwurdigers dy’t op tal
30 steane alderearst. De measte Steateleden komme út it ûnderwiis of de amtnerij, beroppen
31 mei lifetime employment en beheinde kânsen. Dêr sitte ornaris de lju net dy’t op aventoer
32 út binne. As se oer fjouwer jier net wer keazen wurde, krije se de iene wurkdei dy’t se
33 foar it mienskipsamt ynlevere ha, gewoan werom.
734     Sa is foar frijwat deputearren in sit yn Deputearre Steaten benammen in aardich baantsje.
35 Leararen en wolwêzenwurkers fertsjinje ornaris gjin 177.000 gûne, deputearren wol. Mei as
36 ekstra in tsjinstauto, in siktaresse, in fêst plakje yn ’e krante en de aktualiteite-rubriken,
37 en in goede wachtjildregeling. En in beskieden, fatsoenlik poarsje macht. It sitplakje beset
38 hâlde is it heechste partikuliere doel ûnder sokke omstannichheden. Dat slagget it bêste as
39 men frede hâldt. Ivich remize, altyd kamp, en noait „de dood of de gladiolen”. Eins binne
40 ferkiezings mar ferfelende mominten fan spanning en ûnwissens. It moast der sûnder
41 kinne.
842     Foar ridlike minsken is dat it bêste bestjoer. Allinne ûnsaaklike dreamers en romantisy
43 soene it oars ha wolle. In Frysksinnige idioat as deputearre bygelyks, of ien dy’t stjerre
44 woe foar de natuer, en dy tegearre tsjin ’e machtige tsjinner fan grut-yndustry en asfalt-mafia.
45 Dat soe lju mei nocht oan ûnnocht nei de stimbus lokje. Mar sokken is gjin plak
46 foar yn ’e bestjoerlike boarterstún Fryslân, dêr’t elkenien op frede út is.
947     Men hoecht gjin profeet te wêzen om it takomstperspektyf te sketsen. Wy krije wer
48 fjouwer jier mear fan ’t selde, dat mist net. Wer wat mear yndustryterreinen, noch wat
49 gruttere stêden, bettere wegen, djippere kanalen, moaier oanleine natuerparken. It kin ek
50 net oars. Wêr’t it om giet, hat de Provinsje neat oer te melden, doart se net oer te beslissen,
51 stelt se út of lit se wiidweidich troch saakkundigen ûndersykje.
1052     „In bytsje griener en in bytsje linkser”, hopet PvdA’er Sicko Heldoorn. „Krekt wat mear
53 soarch”, tinkt Jan Ploeg – en muzykkorpsen fansels, want dêr makket it CDA him sterk
54 foar. En de VVD mei dan ien sit ferlern ha, dat fertaalt him allinne yn justjes minder grut55
55 yndustry, ien autokilometer minder en ien fytskilometer mear. Dat binne de smelle
56 marzjes fan it bestjoer dat him frijwraksele hat fan ’e demokrasy.
1157     It program foar de kommende Steateferkiezings leit al hast fêst. Dat is by de grutte
58 partijen foar it grutste part itselde. Dan sil it om ’e doarpen gean, om oanpassing fan ’e
59 trotwaars oan rollators, om nêstbeskermers foar greidefûgels en in regeling foar
60 bargeboeren. En fansels om ’e muzykkorpsen, dêr’t dan de PvdA ek wakker foar is. It
61 iennichste punt dêr’t reboelje oer komme kin, in weryndieling fan de hiele provinsje yn
62 seis grutte gemeenten, wurdt oer de dei fan ’e demokrasy hinne tild.
1263     It is te foarsjen dat de trije listlûkers fan ’e grutte politike partijen dan in mearderheid fan
64 tachtich persint yn ’e Steaten fertsjintwurdigje sille. Likegoed sille hja oer in opkomst fan
65 46 persint kleie, dy’t, ljochtpuntsje, dochs noch ien punt heger leit as troch de bank yn ’e
66 rest fan it lân. Eelke Lok, yn opdracht fan syn direkteur yn trijedielich griis mei strik foar,
67 triuwt dy jûns in stokâlde Jan van der Baan yn ’e rolstoel foar de kamera om in trije
68 folsinnen beslaande oneliner út him te krijen – dy’t de iene helte fan ’e sjoggers net
69 ferstiet, en de oare helte net begrypt. En dan seit Jorritsma, dy’t foar Nijpels yn it plak
70 kommen is, dat dy djoere en omslachtige stimmerij ek wol ophâlde kin. Ien enkête om ’e
71 fjouwer jier is mear as genôch om it belied te hifkjen, en de sitten sa te ferdielen dat alles
72 wer fjouwer jier gewoan fierder rotsje kin.