De útslach fan de Steateferkiezings fan 1999 wie ferrassend: de PvdA bleau yn Fryslân op 14 sitten stykjen
(en krige lanlik tsien persint minder stimmen as by de Keamerferkiezings fan 1998), it CDA hold syn 18 sitten
(en wûn lanlik seis persint). Ek RPF/SGP (2), GPV (1) en FGF (1) bleaunen stabyl. De winners wienen Grien
Links (fan 2 nei 5) en de FNP (fan 3 nei 4). De liberalen ferlearen: de VVD sakke fan 10 nei 9, D66 fan 3 nei
1. Al skoden de Fryske Steaten dus in tikje op nei links, it kolleezje fan Deputearre Steaten soe wer bestean út
PvdA, VVD en CDA. Klaas Jansma skreau nei oanlieding fan de útslach in artikel yn it aprilnûmer 1999 fan
it tydskrift Trotwaer. Understeande tekst is in bewurking fan dat artikel.
1 | 1 | Om it hjir foar dreamers draachlik te hâlden, moat men it fan ’e argewaasje ha. Striid | |
2 | en ideaal, Fryslân hat der ieuwen in paradys fan west. Dat ha wy hân. Read en blau en fyn, | ||
3 | ienriedich ien – sa is it wurden. | ||
2 | 4 | Wa’t in skoft op it provinsjehûs tahâldt, kriget wat in apart sicht op ’e wrâld. Oars is it net | |
5 | te begripen wêrom’t kommissaris fan ’e keninginne Ed Nijpels en de lieders fan de grutste | ||
6 | trije partijen nei de ferkiezings fan 3 maart krimmenearren oer de lege opkomst. It wie 54 | ||
7 | persint; neffens de listlûkers Ploeg (CDA), Heldoorn (PvdA) en Van Klaveren (VVD) te | ||
8 | min. Ik fûn it noch hiel wat; eins te folle. Want stimme is kieze, mar der wie neat te | ||
9 | kiezen as men net by bysaken útkomme woe. Oer wynmûnen net en oer de ferhâlding | ||
10 | stêden-doarpen net, oer it kanaal nei Drachten ta net en oer de ekonomy net. Oer miljeu en | ||
11 | kultuer alhielendal net: dêr woene se net oer yn debat. | ||
3 | 12 | De ferkiezings fan 1999 gongen sadwaande nergens oer. Dat wie ek wol te begripen. Jo | |
13 | hawwe mei trije grutte partijen in mearderheid fan santich persint en jo wolle nei de | ||
14 | ferkiezings mei dyselde oare twa fierder. Dan hat men gjin ferlet fan gedonder. Ik ha dêr | ||
15 | frede mei om’t der logika yn sit. Mar fergje it folk net op stimmen, want dat is poppekast – | ||
16 | en ûnlogysk. | ||
4 | 17 | De grutte trije hawwe it folk de mooglikheid ta kiezen ûntfytmanne. Se ha gjin ferlet mear | |
18 | fan demokrasy. Dat is de measte minsken ek wol goed. Hja ha allegear in autootsje. En se | ||
19 | wolle ek gjin gedonder, oars hiene Verf (Grien Links) en Van der Baan (FNP) wol mear | ||
20 | stimmen krige. | ||
5 | 21 | It heart by de tiid. Dy’t de sile lûke moatte, hawwe in oare driuw as de idealen fan | |
22 | foarhinne. Wat moat men dêr ek mei. It fjoer is ferfongen troch moderne | ||
23 | klimaatbehearsking, mei de termostaat winters en by’t simmer op 22. En der binne pillen | ||
24 | foar de lust. Dit is in lân fan frede en konsensus, it bestjoer is ridlik en fatsoenlik, de | ||
25 | lieders freonlik en midsmjittich. En it is foar en boppe alles saai, sa saai as in | ||
26 | middenstânsdoarpke yn Kent, salang’t in lustmoardner him dêr net oan ’e katten fergrypt. | ||
27 | De lju fiele har dêr noflik ûnder, want wy binne allegear like ridlik, fatsoenlik en | ||
28 | midsmjittich. | ||
6 | 29 | Soks hat fansels mei belang en ambysje te krijen, by de fertsjintwurdigers dy’t op tal | |
30 | steane alderearst. De measte Steateleden komme út it ûnderwiis of de amtnerij, beroppen | ||
31 | mei lifetime employment en beheinde kânsen. Dêr sitte ornaris de lju net dy’t op aventoer | ||
32 | út binne. As se oer fjouwer jier net wer keazen wurde, krije se de iene wurkdei dy’t se | ||
33 | foar it mienskipsamt ynlevere ha, gewoan werom. | ||
7 | 34 | Sa is foar frijwat deputearren in sit yn Deputearre Steaten benammen in aardich baantsje. | |
35 | Leararen en wolwêzenwurkers fertsjinje ornaris gjin 177.000 gûne, deputearren wol. Mei as | ||
36 | ekstra in tsjinstauto, in siktaresse, in fêst plakje yn ’e krante en de aktualiteite-rubriken, | ||
37 | en in goede wachtjildregeling. En in beskieden, fatsoenlik poarsje macht. It sitplakje beset | ||
38 | hâlde is it heechste partikuliere doel ûnder sokke omstannichheden. Dat slagget it bêste as | ||
39 | men frede hâldt. Ivich remize, altyd kamp, en noait „de dood of de gladiolen”. Eins binne | ||
40 | ferkiezings mar ferfelende mominten fan spanning en ûnwissens. It moast der sûnder | ||
41 | kinne. | ||
8 | 42 | Foar ridlike minsken is dat it bêste bestjoer. Allinne ûnsaaklike dreamers en romantisy | |
43 | soene it oars ha wolle. In Frysksinnige idioat as deputearre bygelyks, of ien dy’t stjerre | ||
44 | woe foar de natuer, en dy tegearre tsjin ’e machtige tsjinner fan grut-yndustry en asfalt-mafia. | ||
45 | Dat soe lju mei nocht oan ûnnocht nei de stimbus lokje. Mar sokken is gjin plak | ||
46 | foar yn ’e bestjoerlike boarterstún Fryslân, dêr’t elkenien op frede út is. | ||
9 | 47 | Men hoecht gjin profeet te wêzen om it takomstperspektyf te sketsen. Wy krije wer | |
48 | fjouwer jier mear fan ’t selde, dat mist net. Wer wat mear yndustryterreinen, noch wat | ||
49 | gruttere stêden, bettere wegen, djippere kanalen, moaier oanleine natuerparken. It kin ek | ||
50 | net oars. Wêr’t it om giet, hat de Provinsje neat oer te melden, doart se net oer te beslissen, | ||
51 | stelt se út of lit se wiidweidich troch saakkundigen ûndersykje. | ||
10 | 52 | „In bytsje griener en in bytsje linkser”, hopet PvdA’er Sicko Heldoorn. „Krekt wat mear | |
53 | soarch”, tinkt Jan Ploeg – en muzykkorpsen fansels, want dêr makket it CDA him sterk | ||
54 | foar. En de VVD mei dan ien sit ferlern ha, dat fertaalt him allinne yn justjes minder grut55 | ||
55 | yndustry, ien autokilometer minder en ien fytskilometer mear. Dat binne de smelle | ||
56 | marzjes fan it bestjoer dat him frijwraksele hat fan ’e demokrasy. | ||
11 | 57 | It program foar de kommende Steateferkiezings leit al hast fêst. Dat is by de grutte | |
58 | partijen foar it grutste part itselde. Dan sil it om ’e doarpen gean, om oanpassing fan ’e | ||
59 | trotwaars oan rollators, om nêstbeskermers foar greidefûgels en in regeling foar | ||
60 | bargeboeren. En fansels om ’e muzykkorpsen, dêr’t dan de PvdA ek wakker foar is. It | ||
61 | iennichste punt dêr’t reboelje oer komme kin, in weryndieling fan de hiele provinsje yn | ||
62 | seis grutte gemeenten, wurdt oer de dei fan ’e demokrasy hinne tild. | ||
12 | 63 | It is te foarsjen dat de trije listlûkers fan ’e grutte politike partijen dan in mearderheid fan | |
64 | tachtich persint yn ’e Steaten fertsjintwurdigje sille. Likegoed sille hja oer in opkomst fan | ||
65 | 46 persint kleie, dy’t, ljochtpuntsje, dochs noch ien punt heger leit as troch de bank yn ’e | ||
66 | rest fan it lân. Eelke Lok, yn opdracht fan syn direkteur yn trijedielich griis mei strik foar, | ||
67 | triuwt dy jûns in stokâlde Jan van der Baan yn ’e rolstoel foar de kamera om in trije | ||
68 | folsinnen beslaande oneliner út him te krijen – dy’t de iene helte fan ’e sjoggers net | ||
69 | ferstiet, en de oare helte net begrypt. En dan seit Jorritsma, dy’t foar Nijpels yn it plak | ||
70 | kommen is, dat dy djoere en omslachtige stimmerij ek wol ophâlde kin. Ien enkête om ’e | ||
71 | fjouwer jier is mear as genôch om it belied te hifkjen, en de sitten sa te ferdielen dat alles | ||
72 | wer fjouwer jier gewoan fierder rotsje kin. |