Background image

terug

Flecht

FLECHT

 Dizze tekst is in part fan in artikeltsje yn Boeken út de rige Fryske Tematydskriften (nûmer 9),
 septimber 2004)
 
1     Diskear is it tema foar de nije Skriuwerskalinder Flecht. In tema dêr’t jo as lêzer alle kanten
 mei útkinne. Dêrby falt te tinken oan in flecht fûgels, foar eat of immen op ’e flecht wêze of hiel
 letterlik in flecht yn it hier of de flecht fan in mûne. Mar der binne sûnder mis noch oare
 assosiaasjes, dêr’t jo bydragen fan fine kinne op de kalinder. Ek binne der lietteksten, kompleet
 mei muzykskrift yn de Skriuwerskalinder opnommen. De prachtige yllustraasjes binne spesjaal by
 de gedichten makke troch de keunstenares Babs Wijnstra út Warns.
2     De Skriuwerskalinder is yn de Sutelaksje te krijen foar mar 3 euro by oankeap fan 9 euro oan
 Fryske boeken! Los en nei 1 novimber is de priis 9 euro.