1 | | Yn 1628 lei grytman Hobbe van Baerdt fan | | | | gebouwen yn it gebiet dêr’t se sels wenje, |
| | Haskerlân de earste stien foar de | | | | witte se yn ’e regel it measte net”. |
| | Jouster Toer. Ta gelegenheid fan it | | 5 | | It 375-jierrich jubileum fan ’e Jouster Toer |
| | 375-jierrich bestean fan dat markante bouwurk | | | | stiet net op himsels. It toerkariljon, dat fyftich |
| | is op ’t heden yn Museum Joure de | | | | jier lyn by it 200-jierrich bestean fan Douwe |
| | jubileumeksposysje ‘De Jouster Toer, 375 jaar | | | | Egberts troch dy fabrikant skonken waard, |
| | lief en leed’ te besjen. Dêr falt gâns wat op te | | | | wurdt dit jier al fjirtich jier bespile troch Dirk |
| | stekken. “Wy soene hjir graach alle Jousters, | | | | Donker. En it yn Museum Joure bewarre |
| | âld-Jousters en al dy oare minsken mei | | | | oerwurk, dat fan 1903 oan 1965 de klokken yn |
| | belangstelling foar dit ûnderwerp ferwolkomje | | | | ’e Jouster Toer oandreaun hat, is fan ’t jier |
| | wolle”, seit Jaap Langius, ien fan de | | | | hûndert wurden. |
| | gearstallers fan ’e toereksposysje. | | 6 | | De Jouster Toer hat yn al dy jierren leed |
2 | | De wurkgroep dy’t de eksposysje | | | | en wille mei de minsken dield. In grut part fan |
| | gearstald hat, bestiet njonken Langius út Theo | | | | dat ‘leed’ wiene en binne de |
| | Mulder, Wilma Raadsveld en Hanneke Staal. | | | | ûnderhâldskosten. Op ’e eksposysje is ûnder |
| | Foaral yn it argyf fan ’e tsjintwurdige | | | | mear yn fotoboeken oer de toerrestauraasjes |
| | gemeente Skarsterlân wie in soad | | | | fan 1976 en 2000 te sjen watfoar grouwélige |
| | ynformaasje te finen. ‘De Jouster Toer, 375 | | | | ynspanningen dien wurde moatte om sa’n toer |
| | jaar lied en leed’ is in eksposysje mei hast | | | | yn stân te hâlden. |
| | alles derop en deroan. Mei in soad nije foto’s | | 7 | | Njonken de eksposysje wurde oant en mei |
| | (fan Karel Jongsma, Roel Otten en oaren) | | | | 1 febrewaris 2004 noch oare aktiviteiten foar |
| | wurde alle hoeken en hernen fan ’e | | | | folwoeksenen en bern organisearre yn it ramt |
| | jubilearjende toer yn byld brocht. Alde foto’s, | | | | fan it toerjubileum. Bern kinne op 30 desimber |
| | gedichten, knipsels, skilderijen, | | | | in Jouster Toer bakke mei de bakkers yn it |
| | aansichtkaarten, tekeningen en withoefolle | | | | kadehûske fan Museum Joure of sa’n toer |
| | dokuminten meitsje it ferhaal oer de Jouster | | | | printsje mei de printers fan it neistlizzende |
| | Toer yn it Museum Joure fierhinne folslein. | | | | Grafisch Museum Joure. Foar skoalbern binne |
3 | | Mei hoanne en al hat de toer in hichte fan | | | | der priisfragen útskreaun foar it meitsjen fan |
| | 42 meter. Hy is noch altyd in beaken yn ’e | | | | in kleurplaat en it kreëarjen fan in Jouster |
| | Jouster kontreien. Tsjintwurdich stiet er yn it | | | | Toer fan ôffalmateriaal. Op it programma stiet |
| | hert fan De Jouwer. Mar yn 1628 stie er oan | | | | fierders noch de lêzing ‘De torenuurwerken in |
| | de ein fan de Midstrjitte. Allinnich oan ’e | | | | de Jouster Toer’, dy’t de Jouster klokmakker |
| | westkant fan ’e toer wie doe bebouwing. Yn | | | | Jurjen Sinnema op sneintemiddei 18 |
| | 1644 waard de tsjerke by de toer boud. Dy gie | | | | jannewaris yn Museum Joure hâlde sil. |
| | by in brân yn 1939 foar in grut part ferlern. | | 8 | | Fan de Jouster Toer is allinnich it ûnderste |
| | Gelokkich koe de toer doe rêden wurde. Yn | | | | part ûnder begelieding tagonklik foar publyk. |
| | 1947 waard de tsjerke wer opboud. | | | | Mar op ’e eksposysje yn Museum Joure jout |
4 | | Sokke en in soad oare nijsgjirrige dingen | | | | er foar elkenien syn geheimen bleat. Bygelyks |
| | binne op te dwaan by in besite oan de | | | | oer de klokken en it kariljon of oer it |
| | jubileumeksposysje oer de Jouster Toer. | | | | ‘Nedergerecht Haskerland’, dat fan 1628 oan |
| | “Minsken tinke faak dat se fan dizze toer al in | | | | 1698 ûnderdak hie yn ’e toer. Der binne noch |
| | hiel soad witte”, seit wurkgroeplid en | | | | oerbliuwsels út dat tiidrek bewarre bleaun, |
| | -koördinator Hanneke Staal. “Mar it docht | | | | lykas sellen en in soarte fan goatstien. Of wie |
| | gauris bliken dat soks net wier is. Fier fan hûs, | | | | dat lêstneamde attribút miskien in urinoir? Dat |
| | yn Florence of wêr dan ek mar, sille se in toer | | | | is net hielendal dúdlik en yn 2003 wurdt der |
| | of oar gebou yngeand besjen. Mar fan ’e | | | | noch altyd oer diskusjearre. |