Background image

terug

FRYSKTALIGE DISSERTAASJE WICHTICH FOAR IT FRYSK

TEKST 3 FRYSKTALIGE DISSERTAASJE WICHTICH FOAR IT FRYSK

1 In proefskrift of in dissertaasje is in wittenskiplike stúdzje, dêr’t immen mei promovearret ta
 bygelyks doctor yn ’e Fryske taal en literatuer. Soks bart oan in universiteit. Jant van der Weg
 skreau sa’n stúdzje oer de Fryske bernepoëzij yn ’e tweintichste ieu. Dat wie noch mar de twadde
 dissertaasje oer Fryske berneliteratuer dy’t yn it Frysk skreaun is. It wie in dreech karwei, mar Jant
5 van der Weg hat it mei in soad nocht dien.
2 Har niget oan berneliteratuer ûntstie yn de tiid dat se foar de klasse stie. “Ik wie fassinearre
 troch hoe’t bern yn in ferhaal opgean kinne, even yn in oare wrâld bedarje. Ik woe sa graach in
 gefoel foar it moaie fan taal meijaan. De bernejierren binne dêr sa belangryk foar. Dat begjint al by
 de klanken en it ritme fan it widzeliet. Oan ’e oare kant hat Annie M.G. Schmidt wolris sein: “Er zijn
10 lees-kinderen en leef-kinderen” en dat is fansels ek sa. Je moatte net sizze: alle bern moatte der
 aardichheid oan krije. Mar je moatte se wol de kâns jaan.”
3 De niget is yn ’e rin fan de jierren útgroeid ta in promoasje-ûndersyk. Jant van der Weg giet yn
 har dissertaasje yn op Fryske bernepoëzij út sa likernôch it tiidrek 1900 oant 1983. Om dêr in goed
 byld fan te krijen, hat se yn breder perspektyf de ûntjouwings fan de berneliteratuer yn dy perioade
15 besjoen. Feitliken hat 1846 it begjin west yn de Fryske berneliteratuer, mei Gelukkig Hansje, in
 troch Harmen Sytstra oerset mearke fan Grimm. Hy joech it frjemdernôch in Hollânske titel mei om
 bern oer de drompel te heljen dochs Frysk te lêzen.
4 “Myn proefskrift begjint yn 1900, of eins yn 1907, om’t ik de klam lis op de keppeling tusken
 berneliteratuer en it ûnderwiis. De earste ûnderwiismaatregel oangeande it Frysk is fan 1907. Doe
20 joech de provinsje subsydzje foar Fryske les, mar dat mocht allinnich nei skoaltiid. De earste
 maatregel wie de fertsjinste fan P. de Clerq, in âld bankier dy’t him yn Feanwâlden nei wenjen set
 hie. De Clerq fûn dat ûnderwiis yn it Frysk in taak wie foar de provinsje.”
5 “Pas yn 1937 kaam der in wetsferoaring. Der mocht doe ûnder skoaltiid - mar allinnich yn de
 fyfde en sechsde klassen - lesjûn wurde yn “een streektaal in levend gebruik”. Fan 1955 ôf mocht
25 it yn alle klassen en koene skoallen, as se dat woene, oant en mei de tredde klasse Frysk ek as
 fiertaal by oare fakken brûke. Der wiene fan de 530 skoallen út dy tiid aardich wat skoallen dy’t dat
 besochten; begjin jierren santich stabilisearre dat tal him ta om en-de-by de 70. Sûnt 1980 is Frysk
 in ferplichte fak en mei it yn alle klassen by bepaalde fakken as fiertaal brûkt wurde. Skoallen
 kinne it no fierhinne sels ynfolje.”
630 “De bân tusken Fryske berneliteratuer en it ûnderwiis wie ynearsten hiel sterk. Der wie noch
 net safolle berneliteratuer yn it Frysk. Dat woene ûnderwizers wat mei it Frysk, dan moasten se it
 by wize fan sprekken sels earst skriuwe. Foar 1950 spilet dat ferlet fan lêsliteratuer in grutte rol.
 Yn dyselde tiid is de bân mei de Fryske Beweging ek hiel sterk. De measte minsken dy’t Fryske
 berneliteratuer makken, wiene op syn minst lid fan de Fryske Beweging. Faak sieten se yn in
35 bestjoer of in kommisje.”
7 “Nei 1950 is de basis foar Frysk ûnderwiis grutter; de leararen hoege dan it lesmateriaal net
 mear sels te meitsjen. Dan sjochst dat de bân tusken de berneliteratuer oan de iene kant en it
 ûnderwiis en de Fryske beweging oan de oare kant gau minder wurdt. Skriuwers krije dan júst in
 bân mei literêre organisaasjes. Foar 1950 is de Fryske Beweging hiel wichtich yn de striid foar
40 Frysktalich ûnderwiis. As de basis dêrfoar lein is, is harren taak eins dien. Dat ’dien’ is wol tusken
 skrapkes, want hielendal emansipearre is it Frysk yn it ûnderwiis fansels noch lang net.”
8 “Yn ’e berneliteratuer giet it nei 1950 mear om it moaie fan it gedicht of it ferhaal as om de
 fraach wat je der fan leare kinne. It giet net bot mear om de taal as middel om in doel te berikken,
 mar folle mear om de taal sels.
45 ’Tutte mei de linten’ fan skriuwster Diet Huber fan 1955 kinst eins it omslachpunt neame. Sy hat
 niget oan it Frysk as literêre taal en skriuwt net mei it bewegingsideaal fan emansipaasje fan it
 Frysk. Trije jier letter ferskynde ‘Juffer Kuorkebier’ fan Tiny Mulder, ek in literêr berneboek, mar
 dan wat mear ferheljend, wat anekdoatysker. ‘Tutte mei de linten’ is puer in boartsjen mei taal.”
9 “It is oerdreaun om te sizzen dat ‘Tutte mei de linten’ en ‘Juffer Kuorkebier’ ynsloegen as in
50 bom, mar der waard yn dy tiid wol fuort opmurken dat it in omslach wie. Douwe Tamminga en Lolle
 Nauta hawwe yn De Tsjerne beide boeken besprutsen. Dat wie foar it earst dat der yn in literêr
 tydskrift omtinken wie foar berneliteratuer. Nei dy earste kear is der yn De Tsjerne suver noait wer
 oer berneliteratuer skreaun. Berneboeken waarden blykber dochs net echt as literatuer besjoen.”
10 “Der moat wat langer wat mear Frysk lêzen en skreaun wurde. Dat bart ek, want it is, ek foar
55 bern, tsjintwurdich al folle gewoaner om Frysk te lêzen as fyftich jier 55 ferlyn. De Fryske tillevyzje hat
 wat dat oangiet in belangrike rol spile, mei Bear Boeloe, dêr ’t ek boeken fan ferskynd binne.”
11 “It skriuwen fan myn dissertaasje hat in striid west foar de emansipaasje fan it Frysk. Ik moast
 der spesjaal tastimming foar freegje om it yn it Frysk te skriuwen. Beheinst dyn lêzerspublyk der
 fansels wol mei. Dêr hawwe ferskate minsken my ek wol foar warskôge. Myn promotor, professor
60 Verdaasdonk, sei lêsten: “Ik heb nu toch wel ontdekt dat het Fries een echte taal is”. Foar al dy
 oare minsken, dy’t it Frysk net machtich binne, is der in wiidweidige gearfetting yn it Nederlânsk en
 yn it Ingelsk.
 Ik haw mei myn dissertaasje sjen litte wold dat it Frysk ek as wittenskiplike taal brûkt wurde kin.
 Wat dat oangiet, stean ik trouwens yn in tradysje: it earste Frysktalige proefskrift is al fan 1938,
65 fan Douwe Kalma oer Gysbert Japicx.”
12 “Tagelyk wie it ek in striid foar de emansipaasje fan de berneliteratuer. Noch te faak wurdt dat
 net as echte literatuer sjoen, dêr’t je wittenskiplik mei dwaande wêze kinne. Ik haw tidens myn
 ûndersyk fernommen dat je soms net serieus nommen wurde. Mar it klimaat feroaret sa
 stadichoan wol.”
1370 “It hat dus op twa punten in striid west. Om no te sizzen dat ik in swiere striid levere haw, klinkt
 wol wat al te kleierich. Hoewol: it wie soms wol sa.”

nei in artikel fan Berber Bijma yn it Friesch Dagblad, 14 oktober 2000