1 | | | In proefskrift of in dissertaasje is in wittenskiplike stúdzje, dêr’t immen mei promovearret ta |
| | | bygelyks doctor yn ’e Fryske taal en literatuer. Soks bart oan in universiteit. Jant van der Weg |
| | | skreau sa’n stúdzje oer de Fryske bernepoëzij yn ’e tweintichste ieu. Dat wie noch mar de twadde |
| | | dissertaasje oer Fryske berneliteratuer dy’t yn it Frysk skreaun is. It wie in dreech karwei, mar Jant |
| 5 | | van der Weg hat it mei in soad nocht dien. |
2 | | | Har niget oan berneliteratuer ûntstie yn de tiid dat se foar de klasse stie. “Ik wie fassinearre |
| | | troch hoe’t bern yn in ferhaal opgean kinne, even yn in oare wrâld bedarje. Ik woe sa graach in |
| | | gefoel foar it moaie fan taal meijaan. De bernejierren binne dêr sa belangryk foar. Dat begjint al by |
| | | de klanken en it ritme fan it widzeliet. Oan ’e oare kant hat Annie M.G. Schmidt wolris sein: “Er zijn |
| 10 | | lees-kinderen en leef-kinderen” en dat is fansels ek sa. Je moatte net sizze: alle bern moatte der |
| | | aardichheid oan krije. Mar je moatte se wol de kâns jaan.” |
3 | | | De niget is yn ’e rin fan de jierren útgroeid ta in promoasje-ûndersyk. Jant van der Weg giet yn |
| | | har dissertaasje yn op Fryske bernepoëzij út sa likernôch it tiidrek 1900 oant 1983. Om dêr in goed |
| | | byld fan te krijen, hat se yn breder perspektyf de ûntjouwings fan de berneliteratuer yn dy perioade |
| 15 | | besjoen. Feitliken hat 1846 it begjin west yn de Fryske berneliteratuer, mei Gelukkig Hansje, in |
| | | troch Harmen Sytstra oerset mearke fan Grimm. Hy joech it frjemdernôch in Hollânske titel mei om |
| | | bern oer de drompel te heljen dochs Frysk te lêzen. |
4 | | | “Myn proefskrift begjint yn 1900, of eins yn 1907, om’t ik de klam lis op de keppeling tusken |
| | | berneliteratuer en it ûnderwiis. De earste ûnderwiismaatregel oangeande it Frysk is fan 1907. Doe |
| 20 | | joech de provinsje subsydzje foar Fryske les, mar dat mocht allinnich nei skoaltiid. De earste |
| | | maatregel wie de fertsjinste fan P. de Clerq, in âld bankier dy’t him yn Feanwâlden nei wenjen set |
| | | hie. De Clerq fûn dat ûnderwiis yn it Frysk in taak wie foar de provinsje.” |
5 | | | “Pas yn 1937 kaam der in wetsferoaring. Der mocht doe ûnder skoaltiid - mar allinnich yn de |
| | | fyfde en sechsde klassen - lesjûn wurde yn “een streektaal in levend gebruik”. Fan 1955 ôf mocht |
| 25 | | it yn alle klassen en koene skoallen, as se dat woene, oant en mei de tredde klasse Frysk ek as |
| | | fiertaal by oare fakken brûke. Der wiene fan de 530 skoallen út dy tiid aardich wat skoallen dy’t dat |
| | | besochten; begjin jierren santich stabilisearre dat tal him ta om en-de-by de 70. Sûnt 1980 is Frysk |
| | | in ferplichte fak en mei it yn alle klassen by bepaalde fakken as fiertaal brûkt wurde. Skoallen |
| | | kinne it no fierhinne sels ynfolje.” |
6 | 30 | | “De bân tusken Fryske berneliteratuer en it ûnderwiis wie ynearsten hiel sterk. Der wie noch |
| | | net safolle berneliteratuer yn it Frysk. Dat woene ûnderwizers wat mei it Frysk, dan moasten se it |
| | | by wize fan sprekken sels earst skriuwe. Foar 1950 spilet dat ferlet fan lêsliteratuer in grutte rol. |
| | | Yn dyselde tiid is de bân mei de Fryske Beweging ek hiel sterk. De measte minsken dy’t Fryske |
| | | berneliteratuer makken, wiene op syn minst lid fan de Fryske Beweging. Faak sieten se yn in |
| 35 | | bestjoer of in kommisje.” |
7 | | | “Nei 1950 is de basis foar Frysk ûnderwiis grutter; de leararen hoege dan it lesmateriaal net |
| | | mear sels te meitsjen. Dan sjochst dat de bân tusken de berneliteratuer oan de iene kant en it |
| | | ûnderwiis en de Fryske beweging oan de oare kant gau minder wurdt. Skriuwers krije dan júst in |
| | | bân mei literêre organisaasjes. Foar 1950 is de Fryske Beweging hiel wichtich yn de striid foar |
| 40 | | Frysktalich ûnderwiis. As de basis dêrfoar lein is, is harren taak eins dien. Dat ’dien’ is wol tusken |
| | | skrapkes, want hielendal emansipearre is it Frysk yn it ûnderwiis fansels noch lang net.” |
8 | | | “Yn ’e berneliteratuer giet it nei 1950 mear om it moaie fan it gedicht of it ferhaal as om de |
| | | fraach wat je der fan leare kinne. It giet net bot mear om de taal as middel om in doel te berikken, |
| | | mar folle mear om de taal sels. |
| 45 | | ’Tutte mei de linten’ fan skriuwster Diet Huber fan 1955 kinst eins it omslachpunt neame. Sy hat |
| | | niget oan it Frysk as literêre taal en skriuwt net mei it bewegingsideaal fan emansipaasje fan it |
| | | Frysk. Trije jier letter ferskynde ‘Juffer Kuorkebier’ fan Tiny Mulder, ek in literêr berneboek, mar |
| | | dan wat mear ferheljend, wat anekdoatysker. ‘Tutte mei de linten’ is puer in boartsjen mei taal.” |
9 | | | “It is oerdreaun om te sizzen dat ‘Tutte mei de linten’ en ‘Juffer Kuorkebier’ ynsloegen as in |
| 50 | | bom, mar der waard yn dy tiid wol fuort opmurken dat it in omslach wie. Douwe Tamminga en Lolle |
| | | Nauta hawwe yn De Tsjerne beide boeken besprutsen. Dat wie foar it earst dat der yn in literêr |
| | | tydskrift omtinken wie foar berneliteratuer. Nei dy earste kear is der yn De Tsjerne suver noait wer |
| | | oer berneliteratuer skreaun. Berneboeken waarden blykber dochs net echt as literatuer besjoen.” |
10 | | | “Der moat wat langer wat mear Frysk lêzen en skreaun wurde. Dat bart ek, want it is, ek foar |
| 55 | | bern, tsjintwurdich al folle gewoaner om Frysk te lêzen as fyftich jier 55 ferlyn. De Fryske tillevyzje hat |
| | | wat dat oangiet in belangrike rol spile, mei Bear Boeloe, dêr ’t ek boeken fan ferskynd binne.” |
11 | | | “It skriuwen fan myn dissertaasje hat in striid west foar de emansipaasje fan it Frysk. Ik moast |
| | | der spesjaal tastimming foar freegje om it yn it Frysk te skriuwen. Beheinst dyn lêzerspublyk der |
| | | fansels wol mei. Dêr hawwe ferskate minsken my ek wol foar warskôge. Myn promotor, professor |
| 60 | | Verdaasdonk, sei lêsten: “Ik heb nu toch wel ontdekt dat het Fries een echte taal is”. Foar al dy |
| | | oare minsken, dy’t it Frysk net machtich binne, is der in wiidweidige gearfetting yn it Nederlânsk en |
| | | yn it Ingelsk. |
| | | Ik haw mei myn dissertaasje sjen litte wold dat it Frysk ek as wittenskiplike taal brûkt wurde kin. |
| | | Wat dat oangiet, stean ik trouwens yn in tradysje: it earste Frysktalige proefskrift is al fan 1938, |
| 65 | | fan Douwe Kalma oer Gysbert Japicx.” |
12 | | | “Tagelyk wie it ek in striid foar de emansipaasje fan de berneliteratuer. Noch te faak wurdt dat |
| | | net as echte literatuer sjoen, dêr’t je wittenskiplik mei dwaande wêze kinne. Ik haw tidens myn |
| | | ûndersyk fernommen dat je soms net serieus nommen wurde. Mar it klimaat feroaret sa |
| | | stadichoan wol.” |
13 | 70 | | “It hat dus op twa punten in striid west. Om no te sizzen dat ik in swiere striid levere haw, klinkt |
| | | wol wat al te kleierich. Hoewol: it wie soms wol sa.” |