1 | | | Tsien jier lyn learden se elkoar kennen op in bernekoar fan de Ljouwerter Muzykskoalle: de |
| | | suskes Femke (17) en Sanne Hoeksma (16) en Marieke Meijer (17) fan de meidengroep Threeality |
| | | út Ljouwert. Yn jannewaris fan it jier 2002 waarden sy winners fan de Fryske soundmixshow, |
| | | dêrnei fan Liet 2002 en fan it streeksongfestival yn Hengelo. Se hawwe ûnderwilens al op ’e |
| 5 | | planken stien mei Piter Wilkens, De Kast, Reboelj 5 e en Anneke Douma. “It giet ús om kwaliteit, wy |
| | | wolle it bêste út ússels helje,” sizze de froulju. |
2 | | | “Wy sille jûn noch nei in feest, dêrom binne wy sa opdoft,” leit Sanne út as ik de froulju fan |
| | | Three-ality moetsje foar in petear. Foar my oer sitte trije fan kop ta tean fersoarge jonge fammen, |
| | | fol fan takomstplannen. De dei dêrfoar is harren earste single útkaam mei it liet ’Fûgelfrij’ fan |
| 10 | | Rhody Mathijs, it nûmer dêr’t sy Liet 2002 mei wûn hawwe. “Wy wiene sa grutsk as in hoanne en |
| | | hawwe it fierd mei in flesse sjampanje,” glunderet Femke. “It wie ek sa leuk om te dwaan, wy |
| | | hawwe ôfgryslik wille hân.” |
3 | | | Sa’n acht jier lyn begûn it trijetal mei optredens op in frijmerk op Keninginnedei. De froulju |
| | | wurken doe al mei oan musicals en konserten dêr ’t se geregeldwei solo’s by songen. “Oan ’e ein |
| 15 | | fan Keninginnedei hiene wy trijehûndertfyftich gûne fertsjinne,” fertelt Marieke. “Do witst it sels net |
| | | ast goed bist,” seit Sanne. “Mar omdat elkenien dat sei, tochten we: miskien moatte wy hjir dan |
| | | dochs mar mei trochgean. Wy binne doe trochgien mei musicals en groeiden hieltyd mear nei |
| | | inoar ta en rekken hieltyd mear op inoar ynspile.” Net nuver dus, dat de froulju net allinnich |
| | | kollega’s binne, mar ek hiele goeie freondinnen. “Sanne en Femke binne fansels suskes,” seit |
| 20 | | Marieke. “Dus einliks hearde ik der hielendal net by”. Se laket: “Dêrom ha sy besletten om my as |
| | | suske te adoptearjen. Dan is it teminsten earlik.” |
| | | “In hiele protte bands falle útinoar om’t se byinoar set binne,” tinkt Marieke. “Mar wy hawwe inoar |
| | | sels fûn en binne meiinoar opgroeid, dat leit dus oars.” |
| | | “We hawwe wol ôfpraat om altyd hiel earlik tsjin inoar te wêzen,” heakket Femke deroan ta. “Do |
| 25 | | bist hiel yntinsyf meiinoar dwaande en in hiel soad byinoar, wêrtrochst dy maklik oan inoar |
| | | ergerje kinst.” |
| | | Is trije net in lestich getal? “Och,” laket Marieke, “Femke en Sanne binne eins ien.” |
4 | | | De earste grutte kriich fan de froulju - doe noch bekend ûnder de namme Flat Out - wie de |
| | | Fryske Soundmixaward. De earste kear waarden se twadde, de twadde kear earste. Dat wie it |
| 30 | | begjin fan in protte talintejachten mei as bekroaning it winnen fan Liet 2002 en it streeksongfestival |
| | | yn Hengelo. |
| | | “En no geane wy foar in single mei in eigen nûmer,” fertelt Femke beret. “It is ús doel om in hiele |
| | | CD te meitsjen mei selsmakke nûmers. We hawwe no in liet mei eigen tekst ynstjoerd nei it |
| | | Nationaal Songfestival. Fierder wolle wy dêr noch neat oer sizze.” |
5 | 35 | | Dat it de froulju net oan ambysje ûntbrekt, mei dúdlik wêze. Foarearst sitte se noch op skoalle. |
| | | Sanne yn de fjirde fan de Havo, Femke yn de twadde fan Sosjaal Kultureel Wurk en Marieke yn de |
| | | twadde fan Sosjale Tsjinstferliening. As se klear binne mei harren oplieding, wolle se alle trije neat |
| | | leaver as harren muzykkarriêre útwreidzje. Femke en Sanne tinke deroer om de popakademy te |
| | | dwaan. Marieke wol leaver nei de Kleinkunstacademie. “Mar it hinget der fansels fan ôf hoe’t it mei |
| 40 | | Three-ality giet. As wy in hiele protte optredens hawwe, is it net ynteressant foar ús om noch in |
| | | hiele oplieding te dwaan. Dêr hawwe wy dan gjin tiid mear foar.” |
6 | | | No al nimt de band in grut part fan harren tiid yn beslach. Der moatte sjonglessen folge wurde, |
| | | en dan binne der fansels noch de optredens. “Einliks bist der altyd mei dwaande,” seit Femke. |
| | | “Dan wurdst nachts wekker en dan komt dy ynienen in leuke tekst yn ’t sin. Ik ha ek altyd in |
| 45 | | opskriuwboekje en in memorekorder by my.” |
7 | | | In protte tiid foar oare dingen bliuwt der dan ek net oer. “Foar myn freon wie it yn it begjin wol |
| | | wennen,” seit Femke. “Foaral om’t ik yn de wykeinen in protte ûnderweis bin foar optredens. |
| | | Lokkich is hy sels ek drok mei syn karriêre. Hy stiet hielendal efter my, giet altiten mei nei |
| | | optredens en is hartstikke grutsk.” |
| 50 | | Marieke en Sanne binne frijgesel. “Ik ha twaeninheal jier in relaasje hân en myn freon wie der net |
| | | oer te sprekken dat ik altiten fuort wie,” seit Marieke. “Hy stelde my op in bepaald momint foar de |
| | | kar: ik of de band. Doe haw ik sein: dy kar meitsje ik net. Dy band is in stik fan myn libben en heart |
| | | by my. Ik freegje dy ek net om in kar te meitsjen tusken my en jim mem.” |
8 | | | Oant no ta fine de froulju harren libben as muzikant ien grut feest. “Repetearje betsjut foar ús |
| 55 | | gewoan in pear oeren sjonge: dat wat wy it leafste 55 dogge dus,” seit Sanne. “En ek fan it meitsjen |
| | | fan ’e clip en de single hawwe wy ôfgryslik genoaten.” |
| | | “Nei in optreden wolst noch mar ien ding en dat is noch in kear,” seit Femke. |
| | | Gjin lêst fan senuwen? “Altyd wol in bytsje,” jout Marieke ta. “Mar dat jout ek wol wer adrenaline.” |
| | | “Ik bin foaral senuwachtich oer hokker publyk it is en oft alles wol goed organisearre is,” seit |
| 60 | | Sanne. |
| | | “Wy hawwe wolris meimakke dat wy ergens songen en dêr wiene allegearre fan dy Johnny’s en |
| | | Anita’s as publyk, by wa’t ús muzyk alhiel net yn ’e smaak foel. Sy sieten ús de gek oan te |
| | | stekken. Wy stiene gewoan foar peal,” fertelt Marieke. “Dy eangst hâldst altyd.” |
| | | Alhoewol´t se tige grutsk binne op harsels, binne de trije froulju har der goed fan bewust dat |
| 65 | | se in soad oan harren âlders te tankjen hawwe. “At dy net hielendal achter ús stiene, ús altiten |
| | | oeral hinne brochten, ûnderhannelings fierden oer de kontrakten en net te ferjitten ús holpen mei |
| | | it skriuwen fan teksten, dan wiene wy nea sa fier kommen,” seit Marieke. “Want wat witte wy no |
| | | fan dy hurde muzykwrâld, wy binne noch sa jong. Meikoarten krije wy in manager. Dan kinne wy |
| | | ús hielendal rjochtsje op it meitsjen fan ús eigen muzyk. As wy dêr ús wurk fan meitsje kinne, |
| 70 | | hawwe wy ús dream wiermakke.” |