Background image

terug

DE AMBYSJE FAN THREE-ALITY

TEKST 2 DE AMBYSJE FAN THREE-ALITY

1 Tsien jier lyn learden se elkoar kennen op in bernekoar fan de Ljouwerter Muzykskoalle: de
 suskes Femke (17) en Sanne Hoeksma (16) en Marieke Meijer (17) fan de meidengroep Threeality
 út Ljouwert. Yn jannewaris fan it jier 2002 waarden sy winners fan de Fryske soundmixshow,
 dêrnei fan Liet 2002 en fan it streeksongfestival yn Hengelo. Se hawwe ûnderwilens al op ’e
5 planken stien mei Piter Wilkens, De Kast, Reboelj 5 e en Anneke Douma. “It giet ús om kwaliteit, wy
 wolle it bêste út ússels helje,” sizze de froulju.
2 “Wy sille jûn noch nei in feest, dêrom binne wy sa opdoft,” leit Sanne út as ik de froulju fan
 Three-ality moetsje foar in petear. Foar my oer sitte trije fan kop ta tean fersoarge jonge fammen,
 fol fan takomstplannen. De dei dêrfoar is harren earste single útkaam mei it liet ’Fûgelfrij’ fan
10 Rhody Mathijs, it nûmer dêr’t sy Liet 2002 mei wûn hawwe. “Wy wiene sa grutsk as in hoanne en
 hawwe it fierd mei in flesse sjampanje,” glunderet Femke. “It wie ek sa leuk om te dwaan, wy
 hawwe ôfgryslik wille hân.”
3 Sa’n acht jier lyn begûn it trijetal mei optredens op in frijmerk op Keninginnedei. De froulju
 wurken doe al mei oan musicals en konserten dêr ’t se geregeldwei solo’s by songen. “Oan ’e ein
15 fan Keninginnedei hiene wy trijehûndertfyftich gûne fertsjinne,” fertelt Marieke. “Do witst it sels net
 ast goed bist,” seit Sanne. “Mar omdat elkenien dat sei, tochten we: miskien moatte wy hjir dan
 dochs mar mei trochgean. Wy binne doe trochgien mei musicals en groeiden hieltyd mear nei
 inoar ta en rekken hieltyd mear op inoar ynspile.” Net nuver dus, dat de froulju net allinnich
 kollega’s binne, mar ek hiele goeie freondinnen. “Sanne en Femke binne fansels suskes,” seit
20 Marieke. “Dus einliks hearde ik der hielendal net by”. Se laket: “Dêrom ha sy besletten om my as
 suske te adoptearjen. Dan is it teminsten earlik.”
 “In hiele protte bands falle útinoar om’t se byinoar set binne,” tinkt Marieke. “Mar wy hawwe inoar
 sels fûn en binne meiinoar opgroeid, dat leit dus oars.”
 “We hawwe wol ôfpraat om altyd hiel earlik tsjin inoar te wêzen,” heakket Femke deroan ta. “Do
25 bist hiel yntinsyf meiinoar dwaande en in hiel soad byinoar, wêrtrochst dy maklik oan inoar
 ergerje kinst.”
 Is trije net in lestich getal? “Och,” laket Marieke, “Femke en Sanne binne eins ien.”
4 De earste grutte kriich fan de froulju - doe noch bekend ûnder de namme Flat Out - wie de
 Fryske Soundmixaward. De earste kear waarden se twadde, de twadde kear earste. Dat wie it
30 begjin fan in protte talintejachten mei as bekroaning it winnen fan Liet 2002 en it streeksongfestival
 yn Hengelo.
 “En no geane wy foar in single mei in eigen nûmer,” fertelt Femke beret. “It is ús doel om in hiele
 CD te meitsjen mei selsmakke nûmers. We hawwe no in liet mei eigen tekst ynstjoerd nei it
 Nationaal Songfestival. Fierder wolle wy dêr noch neat oer sizze.”
535 Dat it de froulju net oan ambysje ûntbrekt, mei dúdlik wêze. Foarearst sitte se noch op skoalle.
 Sanne yn de fjirde fan de Havo, Femke yn de twadde fan Sosjaal Kultureel Wurk en Marieke yn de
 twadde fan Sosjale Tsjinstferliening. As se klear binne mei harren oplieding, wolle se alle trije neat
 leaver as harren muzykkarriêre útwreidzje. Femke en Sanne tinke deroer om de popakademy te
 dwaan. Marieke wol leaver nei de Kleinkunstacademie. “Mar it hinget der fansels fan ôf hoe’t it mei
40 Three-ality giet. As wy in hiele protte optredens hawwe, is it net ynteressant foar ús om noch in
 hiele oplieding te dwaan. Dêr hawwe wy dan gjin tiid mear foar.”
6 No al nimt de band in grut part fan harren tiid yn beslach. Der moatte sjonglessen folge wurde,
 en dan binne der fansels noch de optredens. “Einliks bist der altyd mei dwaande,” seit Femke.
 “Dan wurdst nachts wekker en dan komt dy ynienen in leuke tekst yn ’t sin. Ik ha ek altyd in
45 opskriuwboekje en in memorekorder by my.”
7 In protte tiid foar oare dingen bliuwt der dan ek net oer. “Foar myn freon wie it yn it begjin wol
 wennen,” seit Femke. “Foaral om’t ik yn de wykeinen in protte ûnderweis bin foar optredens.
 Lokkich is hy sels ek drok mei syn karriêre. Hy stiet hielendal efter my, giet altiten mei nei
 optredens en is hartstikke grutsk.”
50 Marieke en Sanne binne frijgesel. “Ik ha twaeninheal jier in relaasje hân en myn freon wie der net
 oer te sprekken dat ik altiten fuort wie,” seit Marieke. “Hy stelde my op in bepaald momint foar de
 kar: ik of de band. Doe haw ik sein: dy kar meitsje ik net. Dy band is in stik fan myn libben en heart
 by my. Ik freegje dy ek net om in kar te meitsjen tusken my en jim mem.”
8 Oant no ta fine de froulju harren libben as muzikant ien grut feest. “Repetearje betsjut foar ús
55 gewoan in pear oeren sjonge: dat wat wy it leafste 55 dogge dus,” seit Sanne. “En ek fan it meitsjen
 fan ’e clip en de single hawwe wy ôfgryslik genoaten.”
 “Nei in optreden wolst noch mar ien ding en dat is noch in kear,” seit Femke.
 Gjin lêst fan senuwen? “Altyd wol in bytsje,” jout Marieke ta. “Mar dat jout ek wol wer adrenaline.”
 “Ik bin foaral senuwachtich oer hokker publyk it is en oft alles wol goed organisearre is,” seit
60 Sanne.
 “Wy hawwe wolris meimakke dat wy ergens songen en dêr wiene allegearre fan dy Johnny’s en
 Anita’s as publyk, by wa’t ús muzyk alhiel net yn ’e smaak foel. Sy sieten ús de gek oan te
 stekken. Wy stiene gewoan foar peal,” fertelt Marieke. “Dy eangst hâldst altyd.”
 Alhoewol´t se tige grutsk binne op harsels, binne de trije froulju har der goed fan bewust dat
65 se in soad oan harren âlders te tankjen hawwe. “At dy net hielendal achter ús stiene, ús altiten
 oeral hinne brochten, ûnderhannelings fierden oer de kontrakten en net te ferjitten ús holpen mei
 it skriuwen fan teksten, dan wiene wy nea sa fier kommen,” seit Marieke. “Want wat witte wy no
 fan dy hurde muzykwrâld, wy binne noch sa jong. Meikoarten krije wy in manager. Dan kinne wy
 ús hielendal rjochtsje op it meitsjen fan ús eigen muzyk. As wy dêr ús wurk fan meitsje kinne,
70 hawwe wy ús dream wiermakke.”

nei in artikel fan Margreet Hogeterp yn: Styl, bylage fan de Friesland Post, jannewaris 2003