1 | | | Blau Paradys is de nije produksje fan de band Reboelje. It is in muzikaal teaterprogramma dat |
| | | de besikers yn oardel oere meinimt nei de wrâld fan de keunstskilder Boele Bregman. Reboelje |
| | | doart it oan en lis de latte noch wer even heger. “Wat hy fertelle woe, dat besykje wy te |
| | | ferklanken”, seit Tsjerk Bootsma fan Reboelje. |
2 | 5 | | Reboelje bestiet al fyftjin jier 5 en hat noch altyd deselde besetting: Tsjerk Bootsma, Tiede |
| | | Lanting, Rommert Reitsma, Marius de Boer en Durk Hogendorp. Tsjerk Bootsma draacht muzikaal |
| | | aardich by oan ’t gehiel. Hy komponearret, sjongt, is in baas op ’e bas en blaast syn partij mei op |
| | | ferskillende ynstruminten. De eigner fan Hotel Kafee De Stiennen Man yn Surch is noch altyd like |
| | | optein oer Reboelje. |
| 10 | | Tsjerk: “It is alderearst in freoneploech en it begjint hast wat op in houlik te lykjen. Ja, ’t is in part |
| | | fan ús libben dêr’t wy net sûnder kinne.” |
3 | | | Reboelje hat altyd in apart en eigensinnich lûd hân. Dêrneist wie op it toaniel by de optredens |
| | | faak in protte te belibjen en waard it tema bygelyks ferbylde troch it dragen fan spesjale klean. De |
| | | band hat yn ‘e rin fan ’e jierren in grutte groep fêste fans krigen dy’t hieltyd op ’e nij meisleept |
| 15 | | wurdt troch it soms sa mysterieuze lûd fan de band. “Wy ha altyd in muzykstyl hân dy’t dreech te |
| | | omskriuwen wie. Wy wiene net maklik yn in hokje te pleatsen en dat is no noch sa. Wy wolle net |
| | | graach ferlike wurde mei in oare band en besykje hieltyd de grinzen te ferlizzen. In dúdlik foarbyld |
| | | wie it projekt De Brulloft dat wy fiif jier ferlyn brocht ha.” It totaalteaterstik luts sealen fol minsken |
| | | dy’t mei lof sprutsen oer ’it ferhaal’ dat Reboelje brocht. |
4 | 20 | | Blau Paradys is de folgjende stap fan Reboelje. It is in teatrale muzikale eksposysje oer de |
| | | wrâld fan keunstskilder Boele Bregman, dy’t libbe fan 1918 oan 1981. De titel is ûntliend oan de |
| | | titel fan ien fan syn skilderijen. Bandlid Durk Hogendorp, dy’t sels ek skilderet, waard rekke troch |
| | | syn wurk en kaam mei it idee op ’e proppen. |
| | | Tsjerk: “De sfear fan de skilderijen past hiel goed by de sfear dy’t wy faak yn de muzyk lizze. Wy |
| 25 | | ha der hiel wat oer fergadere hoe’t dat syn foarm krije moast. En op in stuit moatst dan beslute |
| | | watst sels dwaan kinst en watst útbesteegje wolst. Sa ha wy besletten om foar it skriuwen fan de |
| | | teksten Baukje Wytsma te freegjen. Dan krijst wer ris wat oare ynfalshoeken. En wy ha regisseur |
| | | Piter Stellingwerf frege foar de teatrale ynfolling. Marius de Boer en ik ha de muzyk makke en der |
| | | sit ek in nûmer fan Durk by. Mar ast der dan mei oan ’e slach giest yn ’e oefenromte, draacht elk |
| 30 | | by oan ’t gehiel fansels.” |
5 | | | Stadichwei waarden de ideeën ta ien gehiel brocht. De útfiering sil foarme wurde út film, teater, |
| | | byldzjende keunst, poëzij en muzyk. En it publyk stiet midden yn it dekor, de bylden wurde op seis |
| | | meter hege wanden om har hinne projektearre. |
| | | ”It sil net gean oer it libben fan Boele Bregman, mar oer Bregman as skepper fan syn skilderijen. It |
| 35 | | gefoel dat er dêrmei opropt, wat er fertelle woe, dat besykje wy te ferklankjen. En neist de teksten |
| | | fan Baukje Wytsma brûke wy ek teksten fan himsels. In gedicht en in brief dy’t er skreaun hat, |
| | | komme ek yn it programma werom.” |
| | | Boele Bregman stiet net bekend as ien fan ’e fleurichsten. Hy gie faak op ’e flecht foar de realiteit |
| | | fan it deistich bestean en syn skilderijen litte faak gefoelens sjen fan iensumens, eangst, lilkens en |
| 40 | | ûnmacht. Dochs tinkt Tsjerk Bootsma net dat it in ’swier’ stik wurdt. “Nee, der is yn ‘e muzyk |
| | | genôch fariaasje en de teksten binne ek licht bleaun. Mar it is poëtysk en de minsken krije it net op |
| | | in boardsje. Nee, dêrmei is it net foar in selektearre publyk, ik tink dat it jong en âld oansprekke sil. |
| | | Miskien sil de iene der mear oan belibje as de oare, mar it sil flink wat oproppe, dêr bin ik wis fan.” |
6 | | | Reboelje is in bedriuw wurden. De ploech doart it ek oan om yn opdracht te wurkjen. Sa waard |
| 45 | | ferline jier yn opdracht fan de gemeente Wûnseradiel in sjongstik makke fan tsien nûmers en |
| | | opfierd by de iepening fan it nije gemeentehûs. De CD Wûnslân dy’t dêr foar produsearre waard, |
| | | brûkt de gemeente no as relaasjegeskink. Mar De Brulloft wie oant no ta de grutste produksje, ek |
| | | finansjeel sjoen. ”As bandleden ha wy dêr neat oan oerholden. Dat wie net sa slim, mar dat moat |
| | | no eins wat oars. Wy ha allegear in dei ynlevere op ’e besteande baan om sa’n teaterstik meitsje |
| 50 | | te kinnen. Dy dei wolle wy eins ek werom fertsjinje. Wy drage ek it finânsjele risiko.” |
7 | | | Dat risiko wurdt wat fersêfte no’t al tsien jûnen fan Blau Paradys ferkocht binne oan besteande |
| | | teaters en sealen. De premiêre is op 7 oktober yn it Tryatergebou yn Ljouwert en dêrnei wurdt it |
| | | muzykstik opfierd yn Frjentsjer, Wommels en Dokkum, om úteinlik op 7 desimber wer yn Ljouwert |
| | | yn De Harmonie te einigjen. “Op de measte plakken spylje wy gelokkich twa jûnen, want it is in hiel |
| 55 | | wurk om alles op te bouwen, ôf te brekken en te ferfieren. Dêrom spylje 55 wy it stik ek net in heal jier |
| | | efterinoar. Wy besykje it kompakt te hâlden, mar fansels kinne ek oare sealen it programma noch |
| | | keapje. It soe miskien ek hiel geskikt wêze as skoalfoarstelling foar de boppebou fan it fuortset |
| | | ûnderwiis.” Fan de nije teaterproduksje sil in CD makke wurde en fansels: nei ôfrin fan de |
| | | foarstelling is de CD te keap. |