Background image

terug

REBOELJE BESJONGT DE WRÂLD FAN BOELE BREGMAN

TEKST 1 REBOELJE BESJONGT DE WRÂLD FAN BOELE BREGMAN

1 Blau Paradys is de nije produksje fan de band Reboelje. It is in muzikaal teaterprogramma dat
 de besikers yn oardel oere meinimt nei de wrâld fan de keunstskilder Boele Bregman. Reboelje
 doart it oan en lis de latte noch wer even heger. “Wat hy fertelle woe, dat besykje wy te
 ferklanken”, seit Tsjerk Bootsma fan Reboelje.
25 Reboelje bestiet al fyftjin jier 5 en hat noch altyd deselde besetting: Tsjerk Bootsma, Tiede
 Lanting, Rommert Reitsma, Marius de Boer en Durk Hogendorp. Tsjerk Bootsma draacht muzikaal
 aardich by oan ’t gehiel. Hy komponearret, sjongt, is in baas op ’e bas en blaast syn partij mei op
 ferskillende ynstruminten. De eigner fan Hotel Kafee De Stiennen Man yn Surch is noch altyd like
 optein oer Reboelje.
10 Tsjerk: “It is alderearst in freoneploech en it begjint hast wat op in houlik te lykjen. Ja, ’t is in part
 fan ús libben dêr’t wy net sûnder kinne.”
3 Reboelje hat altyd in apart en eigensinnich lûd hân. Dêrneist wie op it toaniel by de optredens
 faak in protte te belibjen en waard it tema bygelyks ferbylde troch it dragen fan spesjale klean. De
 band hat yn ‘e rin fan ’e jierren in grutte groep fêste fans krigen dy’t hieltyd op ’e nij meisleept
15 wurdt troch it soms sa mysterieuze lûd fan de band. “Wy ha altyd in muzykstyl hân dy’t dreech te
 omskriuwen wie. Wy wiene net maklik yn in hokje te pleatsen en dat is no noch sa. Wy wolle net
 graach ferlike wurde mei in oare band en besykje hieltyd de grinzen te ferlizzen. In dúdlik foarbyld
 wie it projekt De Brulloft dat wy fiif jier ferlyn brocht ha.” It totaalteaterstik luts sealen fol minsken
 dy’t mei lof sprutsen oer ’it ferhaal’ dat Reboelje brocht.
420 Blau Paradys is de folgjende stap fan Reboelje. It is in teatrale muzikale eksposysje oer de
 wrâld fan keunstskilder Boele Bregman, dy’t libbe fan 1918 oan 1981. De titel is ûntliend oan de
 titel fan ien fan syn skilderijen. Bandlid Durk Hogendorp, dy’t sels ek skilderet, waard rekke troch
 syn wurk en kaam mei it idee op ’e proppen.
 Tsjerk: “De sfear fan de skilderijen past hiel goed by de sfear dy’t wy faak yn de muzyk lizze. Wy
25 ha der hiel wat oer fergadere hoe’t dat syn foarm krije moast. En op in stuit moatst dan beslute
 watst sels dwaan kinst en watst útbesteegje wolst. Sa ha wy besletten om foar it skriuwen fan de
 teksten Baukje Wytsma te freegjen. Dan krijst wer ris wat oare ynfalshoeken. En wy ha regisseur
 Piter Stellingwerf frege foar de teatrale ynfolling. Marius de Boer en ik ha de muzyk makke en der
 sit ek in nûmer fan Durk by. Mar ast der dan mei oan ’e slach giest yn ’e oefenromte, draacht elk
30 by oan ’t gehiel fansels.”
5 Stadichwei waarden de ideeën ta ien gehiel brocht. De útfiering sil foarme wurde út film, teater,
 byldzjende keunst, poëzij en muzyk. En it publyk stiet midden yn it dekor, de bylden wurde op seis
 meter hege wanden om har hinne projektearre.
 ”It sil net gean oer it libben fan Boele Bregman, mar oer Bregman as skepper fan syn skilderijen. It
35 gefoel dat er dêrmei opropt, wat er fertelle woe, dat besykje wy te ferklankjen. En neist de teksten
 fan Baukje Wytsma brûke wy ek teksten fan himsels. In gedicht en in brief dy’t er skreaun hat,
 komme ek yn it programma werom.”
 Boele Bregman stiet net bekend as ien fan ’e fleurichsten. Hy gie faak op ’e flecht foar de realiteit
 fan it deistich bestean en syn skilderijen litte faak gefoelens sjen fan iensumens, eangst, lilkens en
40 ûnmacht. Dochs tinkt Tsjerk Bootsma net dat it in ’swier’ stik wurdt. “Nee, der is yn ‘e muzyk
 genôch fariaasje en de teksten binne ek licht bleaun. Mar it is poëtysk en de minsken krije it net op
 in boardsje. Nee, dêrmei is it net foar in selektearre publyk, ik tink dat it jong en âld oansprekke sil.
 Miskien sil de iene der mear oan belibje as de oare, mar it sil flink wat oproppe, dêr bin ik wis fan.”
6 Reboelje is in bedriuw wurden. De ploech doart it ek oan om yn opdracht te wurkjen. Sa waard
45 ferline jier yn opdracht fan de gemeente Wûnseradiel in sjongstik makke fan tsien nûmers en
 opfierd by de iepening fan it nije gemeentehûs. De CD Wûnslân dy’t dêr foar produsearre waard,
 brûkt de gemeente no as relaasjegeskink. Mar De Brulloft wie oant no ta de grutste produksje, ek
 finansjeel sjoen. ”As bandleden ha wy dêr neat oan oerholden. Dat wie net sa slim, mar dat moat
 no eins wat oars. Wy ha allegear in dei ynlevere op ’e besteande baan om sa’n teaterstik meitsje
50 te kinnen. Dy dei wolle wy eins ek werom fertsjinje. Wy drage ek it finânsjele risiko.”
7 Dat risiko wurdt wat fersêfte no’t al tsien jûnen fan Blau Paradys ferkocht binne oan besteande
 teaters en sealen. De premiêre is op 7 oktober yn it Tryatergebou yn Ljouwert en dêrnei wurdt it
 muzykstik opfierd yn Frjentsjer, Wommels en Dokkum, om úteinlik op 7 desimber wer yn Ljouwert
 yn De Harmonie te einigjen. “Op de measte plakken spylje wy gelokkich twa jûnen, want it is in hiel
55 wurk om alles op te bouwen, ôf te brekken en te ferfieren. Dêrom spylje 55 wy it stik ek net in heal jier
 efterinoar. Wy besykje it kompakt te hâlden, mar fansels kinne ek oare sealen it programma noch
 keapje. It soe miskien ek hiel geskikt wêze as skoalfoarstelling foar de boppebou fan it fuortset
 ûnderwiis.” Fan de nije teaterproduksje sil in CD makke wurde en fansels: nei ôfrin fan de
 foarstelling is de CD te keap.

nei in artikel fan Jelle Bangma yn Boek, Frysk tematydskrift nr. 1, septimber 2002