| (1) Marius de Boer is yn it foarste | | | Rozendal, It wûnder fan de Wâlden. |
| plak muzikant. De teksten komme op | | 80 | Meastal komt Wilco mei in tekst, mar |
| it twadde plak. Lykwols hat er syn | | | soms bin ik it earst. En dan merk ik |
| fyftichste jierdei oangrypt om fyftich | | | dat Wilco folle handiger mei it Frysk |
5 | fan syn teksten te bondeljen: Ik sjong | | | omgiet as ik. Ik bin foaral muzikant. |
| foar dy. | | | As ik in pear rigels klear ha, pak ik al |
| (2) De ôfrûne jierren wie De Boer | | 85 | gau de gitaar of krûp ik achter de |
| ûnder de artystenamme Mariusz | | | piano. Ik wol hearre hoe’t de wurden |
| benammen aktyf as solo-artyst. Op it | | | op muzyk klinke.” |
10 | heden stiet er gauris mei kollega’s op | | | (7) De Boer rûst dat er yn al dy |
| it poadium as Mariusz & de | | | jierren sa’n 250 teksten skreaun en |
| Muzikanten, mar foar in protte | | 90 | op muzyk set hat. “As ik de |
| minsken is er foar alles de sjonger en | | | frutseltsjes meirekkenje, kom ik |
| komponist fan Reboelje. De band | | | miskien wol op tûzen. Mei dy kar fan |
15 | waard yn 1987 oprjochte en hat it | | | fyftich foar it boek wie ik gau klear. In |
| fyftjin jier úthâlden. | | | kwestje fan dy wol en dy net, dêr |
| (3) De Boer waard grut yn in | | 95 | kaam gjin metodyk of djiptrochtochte |
| Nederlânsktalige húshâlding yn | | | filosofy oan te pas.” |
| Stiens. Op ’e dyk learde er min ofte | | | (8) Ien fan de lieten hyt Fersen. It |
20 | ear Frysk: “Mar dy taal hie myn | | | giet oer it skriuwen fan lieten. Dêr |
| foarkar net.” Hy spile fan syn | | | steane rigels yn as: “Ik ha se skreaun |
| sechstjinde ôf yn bandsjes mei | | 100 | út lok en leafde, ik ha se skreaun út |
| nammen as Elected en Ambassador | | | djip fertriet, ik ha se skreaun doe’t ik |
| Betterhead; de nûmers dy’t er dêrfoar | | | allinne wie, ik ha se spile foar de |
25 | skreau, wiene yn it Ingelsk. Op syn | | | wyn, der is nimmen mear dy’t se |
| trije-entweintichste krige er wurk by | | | hearre sil. Fersen, ik nim se mei myn |
| in akûstysk advysburo en ferfear er | | 105 | grêf yn.” Autobiografysk? De Boer |
| nei Assen. “Dat wie in anty-Fryske | | | laket. “Dat is no krekt it iennige fers |
| omjouwing, dat makke de taal | | | dat ik foar in oar skreaun ha. Kollega |
30 | ynienen in stik ynteressanter. Dan | | | Ernst Langhout frege my oait om in |
| krijst sa’n hâlding fan: mar it is wol | | | tekst. Dat is Fersen wurden. Ik ha it |
| myn taal.” | | 110 | op de persoan fan Ernst skreaun. Ik |
| (4) Mei in ploechje stappersmaten | | | tocht: dy skriuwt noch mear as ik, in |
| fan Berltsum rjochte er yn dyselde | | | soad dêrfan ferdwynt mei de wyn. |
35 | snuorje in band op. De nûmers dy’t | | | Mar it is lizzen bleaun en Ernst hat it |
| er sels op de earste repetysje | | | noait krigen. Letter ha ik it sels op |
| ynbrocht, wiene yn it Frysk, dy fan de | | 115 | muzyk set.” |
| oaren yn it Ingelsk. “Dat Frysk wie | | | (9) In tema dat yn in tal nûmers |
| net in hiel bewuste kar, taal seit my | | | weromkomt, is it ynderlik konflikt fan |
40 | net safolle. Mar it Frysk sjongt wol | | | de boargerman en de dichter. Yn Djip |
| lekker, lekkerder as it Nederlânsk. ‘Ik | | | yn myn siel sjongt er: “Dit wie myn |
| hou van jou’ heart net moai, ‘Ik hâld | | 120 | libben en it is no hast foarby, ik stie |
| fan dy’ wol. Fan alle bandleden | | | yn tsjinst fan de boargermaatskippij, |
| skreau ik de measte teksten, dat it | | | ik keas it paad fan de fromme man, |
45 | persintaazje Frysk waard hieltyd | | | fanwege goed gedrach krige ik |
| grutter. Op de tredde of fjirde | | | libbenslang. It bleau by fantasy en ik |
| repetysje ha wy doe mar besletten | | 125 | ferdrong de pine en ik bleau by dy.” |
| om in Frysktalige band te wurden. | | | De Boer: “Dat giet oer mysels, mar |
| ‘Reboelje’ hearde wol ynternasjonaal | | | eins giet it oer elkenien. As je frou en |
50 | en sleat oan by de opstannigens dy’t | | | bern, as je alles ha, begjinne je te |
| ek út de punk spriek.” | | | dreamen oer in swalkerslibben. Mar |
| (5) De fyftich teksten yn de bondel Ik | | 130 | in swalker, dy’t sûnder frou en bern |
| sjong foar dy bestrike in moai | | | troch it lân doarmet, hat hiel oare |
| ferskaat oan tema’s. Der binne | | | dreamen.” |
55 | leafdeslietsjes, mearke-eftige | | | (10) Yn in tal nûmers boartet er mei |
| teksten, lietsjes oer de dea, | | | godstsjinstige ideeën oer libben en |
| filosofyske prakkesaasjes en teksten | | 135 | dea. Yn it fers It hjirfoarmels |
| dy’t ûnderdiel wiene fan in grutter | | | fernuveret er him deroer dat der altyd |
| gehiel, lykas de teaterfoarstelling De | | | praat wurdt oer wat der nei de dea |
60 | brulloft en de cd Magysk wetter. | | | mei de siel bart, mar noait oer wêr’t |
| (6) De Boer hat net in fêste manier | | | dy siel weikomt. It slotnûmer fan |
| fan wurkjen: de iene kear wie de | | 140 | teaterfoarstelling De brulloft, it fers |
| muzyk der earst, de oare kear de | | | Tunnel fan it ljocht, beskriuwt de |
| tekst. “It makket wol ferskil: as de | | | tunnel fan it ljocht dy’t gâns minsken |
65 | muzyk it earst komt en der in melody | | | sjoen hawwe doe’t se op ’e râne fan |
| en in ritme ûntsteane mei in soarte | | | ’e dea sweefden. |
| fan neptaal, smyt dat de moaiste | | 145 | (11) Hie er achterôf sjoen dochs net |
| nûmers op. Hoechst gjin rekken mei | | | better foar it Nederlânsk kieze |
| wurden te hâlden, it is muzyk meitsje | | | kinnen? Der hat in skoft west dat |
70 | sûnder beheiningen. It drege is datst | | | Reboelje gauris opdrave mocht foar |
| der neitiid wurden by fine moatst dy’t | | | de VPRO- en de VARA-radio, mar de |
| presys passe. Dat wurdt noait sa | | 150 | grutte trochbraak bûten Fryslân is |
| moai as yn dy neptaal. It moaiste wie | | | útbleaun. De Boer: “Ik tink dat it |
| miskien datst in melody oan in echte | | | Frysk net sa’n minne kar west hat. |
75 | dichter foarlizze soest mei de fraach | | | Dêrmei ûnderskieden wy ús fan |
| om dêr in tekst by te meitsjen. Wilco | | | oaren. As wy yn it Ingelsk of it |
| Berga en ik binne op it heden | | 155 | Nederlânsk songen hiene, dan hiene |
| dwaande mei in programma foar Tet | | | se ús miskien noait frege.” |