Background image

terug

Ferkeard sinjaal fan It Fryske Gea

Ferkeard sinjaal fan It Fryske Gea

1    Noch hieltyd is it aaisykjen as frijetiidsbesteging net ferdwûn út Fryslân, mar it rint
 wol nei de ein. It Fryske Gea nimt dêr alfêst in foarskot op. Dy organisaasje hat
 besletten it aaisykjen op syn terreinen te ferbieden mei yngong fan dit jier. Dat is in
 dúdlike koerswiziging en in trendbreuk mei it ferline en omdat hjir sprake is fan in Fryske
5 organisaasje fan betsjutting, hat it in grutte ynfloed op de al jierrenlange diskusje oer it
 sykjen en meinimmen fan ljipaaien.
2    Neffens It Fryske Gea is it net goed steld mei de greidefûgelstân yn syn gebieten.
 Dêrom ferbiede se no it aaisykjen om de rêst op dy terreinen te befoarderjen. It doel is
 greidefûgels feilich nestelje en briede te litten. Wannear’t minsken fuortbliuwe, kinne
10 fûgels by har nêsten bliuwe. Dat is goed foar it briedproses en der mei ferwachte wurde
 dat soks ek minder kânsen jout foar rôffûgels om aaien en pykjes te rôvjen.
3    It Fryske Gea wie de lêste natuerorganisaasje yn Nederlân dy’t it sykjen en
 meinimmen fan ljipaaien noch tastie. De feriening wurdt dêr yn rûnten fan
 natuerorganisaasjes en oare ynstânsjes sûnder mis op oansprutsen en ûnderfynt imago15
15 skea troch sa’n hâlding.
4    It belied fan It Fryske Gea stiet no streekrjocht foar dat fan de Provinsje en it
 fûgelwachtersbûn BFVW (Bond van Friese Vogelwachters) oer. Dat is foar dy twa
 gesprekspartners frustrearjend. Provinsje, BFVW en It Fryske Gea binne dúdlik oan
 elkoar ferbûne partijen dy’t belang ha by in goede en fruchtbere gearwurking.
520    Under de leden fan It Fryske Gea binne ek in protte aaisikers: in groep leden mei
 mear as gemiddelde kennis fan de natuer en dêrom in nijsgjirrige groep dy’t foar de
 feriening no of letter in soad betsjutte kin. Dan is it net handich om dy leden foar de
 holle te stjitten mei dit nije stânpunt oer it aaisykjen.
6    It is hast net mooglik om de positive effekten fan in ferbod op aaisykjen op de
25 terreinen fan It Fryske Gea nei te gean. De greidefûgeltichtens is dêr al leech, it tal
 aaisikers sil dêrtroch ek leech wêze, wylst de effektive aaisikersperioade krapoan 14
 dagen duorret en dus fan lytse betsjutting is. De feriening hat it oer in tagongsferbod
 foar aaisikers en net oer it sluten fan de terreinen foar alle besikers yn de briedtiid. Dat
 is stridich mei it beëage doel. Wurdt hjir net in byld delset wêrby’t it liket dat benammen
30 de aaisikers skuldich binne oan de minne greidefûgelstân?
7    It Fryske Gea jout mei dit beslút in mispleatst en ferkeard sinjaal ôf. De feriening is
 oanwiisd op goede betrekkings mei de leden, de oare natuerorganisaasjes en de
 ynwenners fan Fryslân. De feriening kin better yngean op de algemien bekende en yn
 brede kring erkende haadoarsaak fan it ferdwinen fan folsleine populaasjes greidefûgels
35 bûten en op syn gebieten: de fernielde biotoop fan greidefûgels as it gefolch fan it
 yntinsive gebrûk fan it lân.
8    Der binne lûden dat leden fan It Fryske Gea har lidmaatskip opsizze wolle. De echte
 aaisikers, de minsken fan it fjild, moatte harren no krekt oanslute by de feriening. Sy
 kinne dan ek har opfettings oer dit beslút hearre litte.