1 | | | Noch hieltyd is it aaisykjen as frijetiidsbesteging net ferdwûn út Fryslân, mar it rint |
| | | wol nei de ein. It Fryske Gea nimt dêr alfêst in foarskot op. Dy organisaasje hat |
| | | besletten it aaisykjen op syn terreinen te ferbieden mei yngong fan dit jier. Dat is in |
| | | dúdlike koerswiziging en in trendbreuk mei it ferline en omdat hjir sprake is fan in Fryske |
| 5 | | organisaasje fan betsjutting, hat it in grutte ynfloed op de al jierrenlange diskusje oer it |
| | | sykjen en meinimmen fan ljipaaien. |
2 | | | Neffens It Fryske Gea is it net goed steld mei de greidefûgelstân yn syn gebieten. |
| | | Dêrom ferbiede se no it aaisykjen om de rêst op dy terreinen te befoarderjen. It doel is |
| | | greidefûgels feilich nestelje en briede te litten. Wannear’t minsken fuortbliuwe, kinne |
| 10 | | fûgels by har nêsten bliuwe. Dat is goed foar it briedproses en der mei ferwachte wurde |
| | | dat soks ek minder kânsen jout foar rôffûgels om aaien en pykjes te rôvjen. |
3 | | | It Fryske Gea wie de lêste natuerorganisaasje yn Nederlân dy’t it sykjen en |
| | | meinimmen fan ljipaaien noch tastie. De feriening wurdt dêr yn rûnten fan |
| | | natuerorganisaasjes en oare ynstânsjes sûnder mis op oansprutsen en ûnderfynt imago15 |
| 15 | | skea troch sa’n hâlding. |
4 | | | It belied fan It Fryske Gea stiet no streekrjocht foar dat fan de Provinsje en it |
| | | fûgelwachtersbûn BFVW (Bond van Friese Vogelwachters) oer. Dat is foar dy twa |
| | | gesprekspartners frustrearjend. Provinsje, BFVW en It Fryske Gea binne dúdlik oan |
| | | elkoar ferbûne partijen dy’t belang ha by in goede en fruchtbere gearwurking. |
5 | 20 | | Under de leden fan It Fryske Gea binne ek in protte aaisikers: in groep leden mei |
| | | mear as gemiddelde kennis fan de natuer en dêrom in nijsgjirrige groep dy’t foar de |
| | | feriening no of letter in soad betsjutte kin. Dan is it net handich om dy leden foar de |
| | | holle te stjitten mei dit nije stânpunt oer it aaisykjen. |
6 | | | It is hast net mooglik om de positive effekten fan in ferbod op aaisykjen op de |
| 25 | | terreinen fan It Fryske Gea nei te gean. De greidefûgeltichtens is dêr al leech, it tal |
| | | aaisikers sil dêrtroch ek leech wêze, wylst de effektive aaisikersperioade krapoan 14 |
| | | dagen duorret en dus fan lytse betsjutting is. De feriening hat it oer in tagongsferbod |
| | | foar aaisikers en net oer it sluten fan de terreinen foar alle besikers yn de briedtiid. Dat |
| | | is stridich mei it beëage doel. Wurdt hjir net in byld delset wêrby’t it liket dat benammen |
| 30 | | de aaisikers skuldich binne oan de minne greidefûgelstân? |
7 | | | It Fryske Gea jout mei dit beslút in mispleatst en ferkeard sinjaal ôf. De feriening is |
| | | oanwiisd op goede betrekkings mei de leden, de oare natuerorganisaasjes en de |
| | | ynwenners fan Fryslân. De feriening kin better yngean op de algemien bekende en yn |
| | | brede kring erkende haadoarsaak fan it ferdwinen fan folsleine populaasjes greidefûgels |
| 35 | | bûten en op syn gebieten: de fernielde biotoop fan greidefûgels as it gefolch fan it |
| | | yntinsive gebrûk fan it lân. |
8 | | | Der binne lûden dat leden fan It Fryske Gea har lidmaatskip opsizze wolle. De echte |
| | | aaisikers, de minsken fan it fjild, moatte harren no krekt oanslute by de feriening. Sy |
| | | kinne dan ek har opfettings oer dit beslút hearre litte. |