1 | | | Doe’t se werom wie yn Fryslân, | | | | | aanst ek it skriuwen fan teksten. Se |
| | | nei in jier backpacken yn Australië, | | | | | jout no sa’n acht konserten yn ‘e |
| | | keas se op har seisentweintichste | | | | | moanne. Soms mei in korps, soms mei |
| | | foar in oar libben: gjin | | | 100 | | in pianist en soms mei beide. |
| 5 | | managementsassistinte mear by | | | | | Dêrnjonken giet se der sa no en dan |
| | | KPN, nee, se woe sjonge. Sân jier | | | | | op út as ynfalster by in Top |
| | | letter is se mei ‘Gabriëlles liet’ ien | | | | | Hûndertband. |
| | | fan de kânshawwers foar in hege | | 11 | | | Oant foar koart wie noch mar in |
| | | posysje yn de Fryske Top Hûndert: | | | 105 | | lyts part fan Fryslân bekend mei |
| 10 | | Gezina van der Zwaag. | | | | | Gezina har sjongtalint. Dat feroare |
2 | | | Se wie in jier as santjin doe’t se de | | | | | doe’t Omrop Fryslân opnamen makke |
| | | folders foar it konservatoarium yn ’e | | | | | fan brassband De Bazuin, dêr’t se |
| | | hûs helle. Se woe trompet of bugel | | | | | ‘Gabriëlles song’ út de Sweedske film |
| | | studearje, de beide ynstruminten dy’t | | | 110 | | ‘As it is in heaven’ song. “Ik hie dy film |
| 15 | | se by it korps fan Ryptsjerk bespile. It | | | | | al in pear kear sjoen en my de eagen |
| | | is der net fan kommen. Neffens har | | | | | út ’e holle gûld. Jannewaris foarich jier |
| | | heit wie der gjin droech brea yn ’e | | | | | fertelde Klaas van der Woude, dirigint |
| | | muzyk te fertsjinjen. “Us heit hie in | | | | | fan De Bazuin, dat er dwaande wie om |
| | | omke, dy wie dirigint. Dy hie it hiel | | | 115 | | in arranzjemint fan ‘Gabriëlles song’ te |
| 20 | | earm, hy krige klean fan syn famylje.” | | | | | skriuwen. Foar it Falentynskonsert. Ik |
3 | | | Gezina gie net nei it | | | | | twifele. Ik fûn it sa moai, ik wist net oft |
| | | konservatoarium, mar nei de Heao, | | | | | ik dat wol koe. Twa of trije wike foar it |
| | | hoe djip de muzyk ek siet. “Yn de | | | | | konsert belle er: hy hie it klear. Oft ik it |
| | | earste klasse fan de basisskoalle siet | | | 120 | | sjonge woe.” |
| 25 | | ik de hiele dei al te sjongen, de juf sei | | 12 | | | “Ik ha it earst yn it Sweedsk |
| | | sa no en dan dat ik der mei ophâlde | | | | | besocht, mar ik hie al gau yn ’e gaten |
| | | moast. Doe’t myn broer en suster | | | | | dat, as ik it goed dwaan woe, dan |
| | | blokfluitles krigen, wist ik net hoe gau’t | | | | | moast ik it tichter by mysels helje. Op |
| | | ik dat ding yn ’e hannen krije moast. | | | 125 | | ynternet fûn ik oersettingen yn it Dútsk, |
| 30 | | Sa is it altiten gien en eins is it noch | | | | | it Ingelsk en it Nederlânsk. Dêrmei ha |
| | | sa. As ik in piano stean sjoch, moat ik | | | | | ik sels in Fryske oersetting makke.” |
| | | my ynhâlde.” | | 13 | | | “It sloech daliks oan. Der hong in |
4 | | | Se hat wolris in koarke yn ‘e tsjerke | | | | | hiel aparte sfear dy beide kearen yn |
| | | laat, song foar de famylje mei wat | | | 130 | | Oentsjerk. Meastal geane de minsken |
| 35 | | kampfjoerakkoarden op ’e gitaar en | | | | | nei ôfrin fan in konsert stean, mar no |
| | | spile by it korps. Dêr bleau it ynearsten | | | | | diene se dat ek nei ‘Gabriëlles Liet’. |
| | | by. Op har fiifentweintichste naam se | | | | | Midden yn it konsert kamen se as ien |
| | | ûntslach by de KPN en reizge ôf nei | | | | | blok oerein. Ik skrok der suver fan. |
| | | Australië. Se hie baantsjes, hearde fan | | | 135 | | Eize van Beets, de technikus fan |
| 40 | | oare backpackers dat se wat faker | | | | | Omrop Fryslân, sei: ‘Dit hellet de Top |
| | | sjonge moast en kaam by eintsjebeslút | | | | | Hûndert’. Ik tocht dat it in grapke wie, |
| | | yn Darwin terjochte. | | | | | mar se draaie it al hast in jier lang hiel |
5 | | | Dêr slagge it har foar it earst yn har | | | | | geregeld.” |
| | | Australysk aventoer net om in baantsje | | 14 | 140 | | “As ik it sjong, fernim ik dat der |
| 45 | | te finen. Om de dei troch te kommen | | | | | wat bart yn ’e seal. De minsken dy’t de |
| | | gie se op ’e dyk sitten te gitaarspyljen | | | | | film sjoen hawwe, witte dat it giet oer |
| | | en te sjongen. It waard wurdearre, it | | | | | in frou dy’t jierrenlang troch har man |
| | | brocht sels mear op as de baantsjes | | | | | mishannele is en seit: en no is it |
| | | dy’t se oant dan ta hân hie. “As | | | 145 | | genôch. Foar myn gefoel giet it oer |
| 50 | | servearster fertsjinne ik 10 dollar yn ’e | | | | | mear, oer minsken dy’t har frijmeitsje |
| | | oere, as ik twa oeren siet te sjongen, | | | | | fan wat har fêstholden hat of oer |
| | | hie ’k samar 60 dollar.” | | | | | minsken dy’t it lok fine.” |
6 | | | “Makkest fan alles mei, sa’n jier yn | | 15 | | | “Ik krij ek telefoantsjes en |
| | | Australië. Wurdst út dyn deistich | | | 150 | | mailtsjes fan minsken dy’t freegje oft |
| 55 | | libbentsje weihelle. Hast dyn freonen | | | | | se it op in begraffenis of in kremaasje |
| | | net om dy hinne, sjochst oars tsjin de | | | | | draaie meie. Ik fûn dat earst frjemd, it |
| | | dingen oan, fregest dy ôf watst no eins | | | | | giet oer it libben, oer minsken dy’t frij |
| | | mei dyn libben wolst. Dat sjongen yn | | | | | libje wolle. Net oer de dea. Mar ik tink |
| | | Darwin fûn ik hearlik, dat wie in | | | 155 | | dat de minsken der dochs in stikje |
| 60 | | befrijing. Dat is no noch sa. As ik my | | | | | treast yn fine.” |
| | | eefkes net sa lekker fiel, begjin ik te | | 16 | | | “Ik ha my ek wolris ôffrege wêr’t |
| | | sjongen, dan giet it daliks in stik | | | | | de krêft fan it liet yn sit. Muzikaal is it |
| | | better.” | | | | | eins hiel standert allegearre. Ienfâldige |
7 | | | Nei in jier foaroplieding waard se | | | 160 | | wize, ienfâldige akkoarden. It begjint |
| 65 | | fiif-en-in-heal jier lyn oan it | | | | | hiel rêstich en dan wurket it stadichoan |
| | | konservatoarium fan Swolle talitten as | | | | | nei in hichtepunt ta. Mei in korps derby |
| | | sjongeres lichte muzyk. Se kaam yn ’e | | | | | wurdt it oan ’e ein ta sels bombastysk. |
| | | kunde mei it wurk fan komponisten en | | | | | It iennichste wat net sa ienfâldich is, is |
| | | sjongers as Kurt Weill, Jaques Brel en | | 17 | 165 | | it berik. It giet oer twa oktaven. Dat is |
| 70 | | Ramses Shaffy. Se ûntwikkele in | | | | | foar my it uterste, wol ik noch moai |
| | | sterke foarkar foar it Frânske sjanson. | | | | | sjonge.” |
8 | | | Yn it tredde jier song se in tal | | 18 | | | “De tekst is foar my hiel |
| | | Fryske fado’s fan Nynke Laverman. | | | | | belangryk. Ik wol in ferhaal fertelle en |
| | | “Doe ûntduts ik pas dat it Frysk ticht by | | | 170 | | dêr myn eigen gefoel yn lizze. Under it |
| 75 | | my stiet. Yn tsjerke hie ik leau ’k wolris | | | | | sjongen tink ik oan dingen dy ’t ik sels |
| | | yn it Frysk songen, mar oant ik nei it | | | | | yn relaasjes meimakke ha of oan in |
| | | konservatoarium gie, hie alles yn it | | | | | freondin dy ’t troch har freon |
| | | Ingelsk west.” | | | | | mishannele is. By it ynstudearjen ha ik |
9 | | | Har freon Jan frege har wolris wat | | | 175 | | sels ek sitten te gûlen. As ik it no |
| 80 | | har ambysjes wiene. “Dêr hie ik noait | | | | | sjong, belibje ik it ferhaal alle kearen |
| | | goed oer neitocht. Ik hâld in hiel soad | | | | | op ’e nij, mar ik ha mysels wol ûnder |
| | | fan sjongen en dêr woe ik safolle | | | | | kontrôle. Ik kin op it poadium net stean |
| | | mooglik yn leare. Ik sjong foar mysels, | | | | | te gûlen.” |
| | | al tink ik wol dat oare minsken der wat | | 19 | 180 | | Gezina har favorite sjongtalen |
| 85 | | oan ha kinne. De measte teksten dy’t | | | | | binne it Frânsk en it Frysk. Dêr kin se |
| | | ik sjong, geane oer universele tema’s: | | | | | har emoasjes it bêste yn kwyt. Har |
| | | dêr fynt elkenien wol wat fan himsels | | | | | grutte dream fan dit momint is in cd |
| | | yn werom.” | | | | | meitsje mei Frânske sjansons, mei |
10 | | | Stadichoan krije de slomjende | | | 185 | | eigen nûmers of in kombinaasje fan dy |
| 90 | | ambysjes stal. Gezina wurket trije | | | | | beide. “Ik wol dingen yn it Frysk fertale |
| | | dagen wyks op de administraasje fan | | | | | en ek sels nûmers yn it Frysk skriuwe. |
| | | de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert, | | | | | Ik sjong ek wol yn it Nederlânsk mar dy |
| | | se jout oardel dei yn ’e wike sjongles | | | | | nûmers sizze my it measte net. Yn it |
| | | op Parnas. Mei dat lêste hâldt se | | | 190 | | Nederlânsk skriuwe lokket my ek net, |
| 95 | | meikoarten op om’t se mear tiid ha wol | | | | | dat ik kom dochs wer by it Frysk út.” |
| | | foar optredens en foar it oersetten en | | |