1 | | | Jetske Bilker hat it earste Harry | | 4 | 35 | | “Fernimst ek dat yn dizze tiid in hiel |
| | | Potterboek fan J.K. Rowling oerset yn | | | | | soad geve Fryske wurden en foaral |
| | | it Frysk. De orizjinele Ingelske titel | | | | | útdrukkings yn ûnbrûk reitsje. Hearst |
| | | Harry Potter and the Philosopher’s | | | | | hieltyd minder echt Frysk taaleigen om |
| 5 | | Stone wurdt yn it Frysk Harry Potter en | | | | | dy hinne. Dus dan is it gjin wûnder dat |
| | | de Stien fan ’e Wizen. It boek is | | | 40 | | de bern en de jongerein dat taaleigen |
| | | ferskynd by Bornmeer. Jetske Bilker | | | | | net iens mear kenne of werkenne. Dêr |
| | | hat de oersetting makke op fersyk fan | | | | | moatst tuskenyn sitten gean: tusken |
| | | de útjouwer. | | | | | moai sfearfol Frysk taaleigen en taal |
| | | | | | | | dy’t net te fier fan de bern ôfstiet.” |
2 | 10 | | Foar wa’t it boek noch net ken, | | | | | |
| | | folget hjir de koarte ynhâld: der binne | | 5 | 45 | | “Eins is fantasyliteratuer net iens |
| | | gewoane minsken lykas wy en der | | | | | myn favorite sjenre. Dingen dy’t yn it |
| | | binne tsjoenders en heksen. Wy binne | | | | | echt net kinne, ha my noch noait |
| | | de gewoane minsken, de saneamde | | | | | oansprutsen. As bern fûn ik neat oan |
| 15 | | Migels. Harry Potter komt der achter | | | | | mearkes. Ik begûn se pas te |
| | | dat hy by de tsjoenders heart. Hy giet | | | 50 | | wurdearjen doe’t ik se foarlies oan myn |
| | | dêrom nei de tsjoendersskoalle en | | | | | soan. Der steane wize lessen yn en se |
| | | belibbet dêr spannende aventoeren. | | | | | gean oer hoe’t de minsken binne. |
| | | | | | | | Harry Potter lês ik no ek fierder, |
3 | | | Jetske Bilker: “Harry Potter ha ik | | | | | tegearre mei myn soan.” |
| 20 | | mei nocht oerset. Komst ris yn | | | | | |
| | | oanrekking mei talen dy’t hiele oare | | 6 | 55 | | “Ik hoopje dat foaral bern it Fryske |
| | | mooglikheden ha as dyn eigen. It is net | | | | | boek lêze sille. Ik hoopje dat se |
| | | dreger as oare oersettings, mar ik | | | | | gewaarwurde dat Harry Potter yn it |
| | | moast der wol rekken mei hâlde datst | | | | | Frysk itselde is, mar tagelyk ek oars, |
| 25 | | yn it Ingelsk folle koarter om ’e hoeke | | | | | sis mar eigener. Op de Dreuzelpagina |
| | | kinst as yn it Nederlânsk en it Frysk. | | | 60 | | fan de Nederlânske Harry Pottersite |
| | | Boppedat hat it Ingelsk en ek it | | | | | wienen der fuort al in soad reaksjes op |
| | | Nederlânsk in gruttere wurdskat. Soms | | | | | dizze oersetting. It is apart om te sjen |
| | | moast foar ien Ingelsk wurd in hiele | | | | | hoe fûl oft de reaksjes binne. Ek guon |
| 30 | | bysin brûke. Dan wurde de sinnen dus | | | | | Fryske bern fûnen it bespotlik, oaren |
| | | langer. En de sinnen binne al behoarlik | | | 65 | | wienen optein. Mar ast foar eagen |
| | | lang yn it Ingelsk. It is de keunst om dy | | | | | hâldst dat Harry Potter ek yn it Welsk, |
| | | der dochs yn te hâlden, want dat heart | | | | | it Latyn en it Aldgryksk ferskynd is, |
| | | by de styl, mar it moat ek flot rinne.” | | | | | begryp ik net dat se har troch myn |
| | | | | | | | Fryske oersetting sa oanfallen fiele.” |